Der is op 6-8-1966 in heal oere duorjende film makke mei de titel: “The scolls of Leeuwarden”. (“De wetsrollen fan Ljouwert”). De film is opnommen yn Israël en yn Nederlân. Yn Amsterdam, Fryslân en dan by namme yn Ljouwert. Ek is yn BERLTSUM in stikje film opnommen. As it my goed heucht is Saakje Brouwer - van der Plaats, de frou fan Willem Feikes Brouwer dêr ek op te sjen, op de stoepe fan it hûs op de Lytse Buorren, steande yn de doar mei ien fan har bern op de earm. (Feike) De striid om de rollen is begun yn 1942. Ryksargivaris Heerma van Voss krige opdracht in Jiddisch besnijenisboekje út Harns wei (dat yn it Ljouwerter archyf lei) yn te leverjen. De N. S. B. woe neigean of der noch Joadske sibben yn stienen dy ’t harren net as Joaden meld hienen. Heerma van Voss fersocht doe de hear H.(artog) Beem, de âld-foarsitter fan de Joadske gemeente yn Ljouwert en learaar Dútsk oan de Gemeente H. B. S., it boekje te kopiëerjen. Hy krige meiien te hearren dat der yn it argyf fan de Joadske gemeente ek noch 4 besnijenis-boekjes leinen. Om earnstige swierrichheden te foarkommen wurdt de âlde katalogus ferfongen troch in nije. De nammen dy ’t yn it boekje stienen waarden weilitten en de besnijenis boekjes ferdwûnen. Opperrabbyn Levison fan it ressort Fryslân frege doe of de wetsrollen fan de Joadske gemeente ek net ferburgen wurde koenen. Ek dat koe. De stokken waarden ferwidere, de wetsrollen liken dêrtroch krekt âlde hânskriften. Trije waarden yn it Ryksarchyf opburgen en de oaren gienen de Provinsje yn.
Wat is no de rol fan BERLTSUM hjir yn west? Omdat in Jonas de Bruin yn de oarloch tsjin Beem sein hie: “ûnthâld de namme BERLTSUM”, wist dizze man nei de oarloch wêr ’t hy sykje moast. Fia de Grifformearde dûmny, ds. J. Offers (1927 - 1946), kaam hy by de âld-Berltsumer amateur histoarikus en sneuper Bindert Bosma terjochte, no 81 jier âld, dy ’t de rollen yn in jutesek naaid hie en yn de bêdstee op souder bewarre hie yn syn hûs op de Kamp húsnû. 23. Dútsers dy ’t yn de oarloch hússiking dienen nei in flechtling fûnen noch de sochte persoan noch de wetsrollen. “De Ljouwerter Synagoge is opnij berne yn Israël,” (“The Synagoge is reborn in Israël”) dizze sin hearre wy yn de film “The scrolls of Leeuwarden” dy ’t op 10- 1-1968 troch de hear Abraham Tof út It Hearrenfean oerlange is oan de Boargemaster fan Ljouwert de hear J. S. Brandsma.
Op 6 -12-1964 waard ôfskie nommen fan de Ljouwerter Joadske ynventaris en de wetsrollen. Dy binne foar in part oerbrocht nei it jongereindoarp Kfar Batja (Batya) yn de gemeente Ra’ananna yn Israël, in doarpke dat sawat 20 kilometer fan Tel Aviv ôf leit. Hjir wurde de rituele dingen trijeris deis ûnder de fiering brûkt. De rest gie nei it Joadsk Histoarysk Museum. De film kin no noch opfreege of op fersyk ôfdraaid wurde.
(De Breedstraat yn Ljouwert waard foar de Wrâld Oarloch fan 1940-45 ek wol de Joadebuurt neamd. Fan de 665 Ljouwerter Joaden hawwe mar 114 de oarloch oerlibbe.)
L. C. 11-1-1968.
Burgemeester Brandsma kreeg boeiende film Scrolls of Leeuwarden.
Joodse wetsrollen in oorlog in bedstee te BERLIKUM verborgen.
L. C. 17-4-1973.
Deel Joodse wetsrollen bleef in rijksarchief.
L. C. 15-4-1970.
Aangrijpende monografie over Leeuwarder Joden.
(Sal de Jong: “Voltooid verleden tijd”.)
L. C. 2-6-2003.
Student Ureterp vindt film over redden wetsrollen.
L. C. 4-6-2003.
De boppeneamde 27 minuten duorjende film wie om net bekende oarsaken weiwurden. In studint oan de N. H. L. (Noordelijke Hogeschool Leeuwarden) t. w. Peter Postma út Oerterp woe de film brûke by syn wurkstik oer de skiednis fan de Ljouwerter synagoge, mar de film wie net mear te finen. Hy hat derfoar soarge dat der no fia it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam in kopy makke is foar it H. C. L. (Historisch Centrum Leeuwarden) en Het Verzetsmuseum, beide yn Ljouwert. De film wie bestimd om útliend te wurden oan skoallen en ferienings.
Sjoch ek it NIEUW ISRAËLIESCHE WEEKBLAD fan 2-2-1968. 3 sjewat 5728
Op side 9: Kfar Batja-film overgedragen.
....... ....... De predikant (hjir wurdt ds. Offers bedoeld) was echter wegens ander verzetswerk gearresteerd (op snein 12 jannewaris 1941) en in het z. g. n. “Oranjehotel” (in romrofte finzenis) te Scheveningen gevangen gezet. Men had de wetsrollen ijlings overgebracht naar andere leden van de gereformeerde gemeente (moat grifformearde tsjerke wêze) nl. de familie Bosma (hy wenne op de Kamp op húsnûmer 23). Twee Quakers, (wat bedoelt hy: twa Quarré’s?, of twa kwekers/túnkers?) die verder in het dorp woonden. Daar waren ze in jute zakken genaaid en in een bedstede op zolder verborgen. etc. .... ....
H. Beem.
Ds. Offers waard op 17 maaie 1941 wer frijlitten.
(Op GOOGLE efterinoar yntikje: Nieuw Israëliesch Weekblad scrolls Berlikum.)
Dr. Jan Ridderbos
Ein 2012 waard ik hifke troch dûmny en histoarikus dr. Jan Nico zn. Ridderbos, (1942-2018) in pakesizzer fan prof. dr. Jan Ridderbos, sûnt 1912, foar en ûnder de besetting heechlearaar oan de Teologyske Universiteit te Kampen. Hy woe graach it ien en oare witte oer dûmnys dy ’t yn de Twadde Wrâldoarloch finzen sitten hawwe út ferskate redenen. Ik ha him it ien en oare oer dûmny Offers trochjûn wêrfan hy wist dat dy ek finzen sitten hie. Hy wist net dat de Doopsgesinde dûmny Kater fan BERLTSUM ek oppakt wie en finzen sitten hat. Hy is dwaande in boek te skriuwen welke titele wurdt: Van kansel tot barak, in oade oan finzen nommen dûmnys yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek, Predikanten in de frontlinie, sil yn de twadde helte fan 2013 útjown wurde. (De Vuurbaak, Barneveld (AD Chartareeks nr. 26) 2015
W. H. P.