Watse Jouckes Heringa (de soan fan Joucke Watses Heringa 1637-1693) hie in pleats, 71 pm. grut, yn pacht fan de Herfoarme tsjerkfâdij fan Minnertsgea, wêrop in ridlik bestean te fertsjinjen wie. Hy wie boaske mei Rinske Jacobs, ôfkomstich fan De Ryp. Yn Minnertsgea wenne ek de jonge kaptein Jonker E. van Dambitz. Der soe in stikume ferhâlding bestien hawwe tusken dy twa, te witten Rinske en dy Jonker. Dit ferhaal gie as diggelfjoer troch it doarp. It libben yn Minnertsgea wie foar Watse ûndraaglik wurden. Hy naam it beslút om in herberch yn BERLTSUM de keapjen. Hy en syn wiif binne tegearre mei de bern yn 1711 nei BERLTSUM ferhúze. Hja binne dus byinoar bleaun nettsjinsteande it praet (rabjen) fan de Minnertsgeasters. Yn BERLTSUM, in woltierich doarp mei syn bekende hynstemerke en regelmjittich hâlden feemerke, dy ’t altyd in grut oantal besykers luts, tocht Watse in goede breawinning te finen. (Sels yn 1889 bgl. noch waarden der wol 520 stiks kij op de foarjiersmerke oanfierd en yn eardere tiden binne der wolris hast oan de of oer de tûzen bisten oanfierd sa wurdt der wolris sein.) Hy kocht op 8- 6-1711 de herberch “Het Wapen van Vriesland” yn de Buorren op it Easteinde, (no It Skil/Hemmemaplein) destiids in drokke ferkearswei (rydwei) tusken Ljouwert en Harns en Frjentsjer, fan Jacob Gerben ‘s Quader en syn wiif Hyke Hotses. By de herberch hearde in grutte skuorre, in hôf, beammen en plantage c. a. mei in tapperij. By de herberch hearde ek in simmerhûs en in stalling foar 80 hynders. De keapsom bedroech 3200 goudgûnen en in gouden dukaton foar syn frou Hyke Hotses en foar elts fan syn bern in sulveren dukaton.
Mar Watse en syn gesin hienen de tiid net mei. It lân ferearme troch alle kriich dy ‘t Fryslân teheistere. De boeren waarden troffen troch de feepest en dus wie der wer gjin dong mear foar op it lân, dat de opbringsten ferminderden. De hôfkers en túnkers ferearmen. It ferfier fan fee waard ferbean en der waarden gjin feemerken mear hâlden. De brulloften waarden hast net mear hâlden en gean sa mar troch. Yn 1715 al sieten hy en syn frou yn de skulden. Hy hie hjir en dêr noch wat lân lizzen dat troch him ferhierd waard. Hy moast dus wol wat fan syn besittings ferkeapje om der wer wat boppe op te kommen.
Doe trof Noard West Jeropa en dêrmei dus ek Fryslân noch in grutte ramp. Yn de nacht fan 26 op 27 desimber 1717 briek in tige grutte n. w. stoarm en stoarmfloed los dy ’t op ferskate plakken de diken trochbrekken die. Sa slim hienen hja it hjir yn ieuwen net mear meimakke. Dizze ramp is de skiednis yngien as “de Krystfloed fan 1717”. Ien fan myn oerpakes t. w. Cornelis Cornelissen Posthumus (berne yn 1705) wenne doe yn 1717 noch as jonge by syn mem yn op de pleats “Jeltema Sathe” ûnder Ternaard (no pl. bek. as Hollewei 10) en hy wist nochal wat jierren letter te fertellen, hy wie yn dy tiid sels ek wer boer wurden op “Ekema Sate” op de Fiskbuorren ûnder Ternaard, dat hiel wat huzen efter de seedyk doe fuortspield en in hiele protte fan syn doarpsgenoaten ferdonken binne. It lân wie earst net mear te brûken fanwege al it sâlte seewetter dat de lannen oerspield hie. In part fan it Bilt stie ûnder wetter. Yn totaal kostte dizze grutte ramp hast sa’n 14000 minsken it libben, wêrfan 150 yn Fryslân.
Yn 1718 stienen de Heringa ’s dus al wer yn it read. Hy moast jitris jild liene want de skuld easkers woenen jild sjen. Pytter Bockes, keapman te BERLTSUM, krige fan him de folle lêst en prokuraesje om syn saken te regeljen. Mei ferskate krediteuren waarden regelings troffen ta it ôfbeteljen fan de skulden út de opbringsten fan de ferkochte herberch, dy ‘t yn terminen ôfbetelle waard. Op 12- 6-1719 kaam in ôfrekkening ta stân mei Jacob Gerben ‘s Quader, dy ’t noch 970 Karoli gûnen en 12 stoeren fan him te foarderjen hie. Watse Jouckes is letter op d ‘ien of d’oare wize skipper wurden. Fierder hearre wy neat meer fan dizze famylje.
Wol is bekend dat hy yn 1725 noch yn BERLTSUM wenne. Yn 1732 op 31 jannewaris is hy, neidat hy widner wurden wie, yn Grins opnij troud mei in Roelfje Scholten de widdo fan Jacobus Landa. By de ûndertrou wie notearre “mei belesting ta BELCUM “. Yn 1742 is in soan fan him, t. w. Jelle Watses Heringa, troud mei Rikstje Krijns, dy ’t noch yn BERLTSUM wenne, noch fan BERLTSUM nei Sint Anne ferhúze.
(Mear witte oer de Heringa ‘s sjoch it boek: Heringa’s uit Dongjum. Geschiedenis van een Friese familie door J. W. Heringa. Yn 1669 is de Berltsumer en omke Tiete Baard doopheffer by de doop fan Sijcke van Dambitz, de dochter fan de dêr op it Readhûs wenjende Ruyerd van Dambitz fan Minnertsgea. Ruyrd van Dambitz, ôfk. fan Minnertsgea, de bûtenechtlike soan fan Valerius Dambits en Grietje Tjetses, wie op 26-12-1658 troud mei Saapke Ernst Folkerts Unia fan BERLTSUM. )
De ek yn 1704 te Minnertsgea berne Jouke Watzes (Jodocus) Heeringa wie dûmny (1738 - 1782) te Droegeham (+ de Harkema) en dêrfoar te Simonswolde yn East-Fryslân. Hy is stoarn yn juny 1782 en yn de tsjerke fan Droegeham begroeven.
GRUTTE OERSTREAMINGS YN FRYSLÂN
Tusken it jier 333 en 1825 binne der 88 oerstreamings west dy’t Fryslân taheistere hawwe en sa efterinoar de stêden UTGONG (no BERLTSUM), Grebbe, Gonfeind, ESONSTAD, WEST-WARKUM, Warten (no in doarp), Grynd (no in droechte yn ‘e Waadsee) en de doarpen Lammoer, Linnem, Groot-Krins, Schaphorn, Terdop, Leeuwenhern, WESTERBIERUM, DYKSHORN, Waldrichem (no Warkum), Oosthuizen en SIER, beide lêsten op it Amelân, ferslynd hawwe.
L. C. 28-1-1899.
Yn it jier 630 hat kening Adgillus de earste terpen opsmite litten om by heech wetter dêr op wenje te kinnen. Dit hat de earste bediking west, want earder lêst men der neat fan; de kronyken neame dit “Dijekaedsjes langs des heelen zees oever.” Yn it 793 is der in oerstreaming, der ’t ferskate minsken by omkamen. De terpen dy ’t ferneatige wienen waarden letter tige ferswiere en wol te: Koudum, Almenum, Mullum, Hitsum, Winsum, Tsjom, Dronryp en ÚTGONG. (BERLTSUM.)
L. C. 18-10- 2002.
(Dit is no it yn 2011 tige útwreide pân “Bakker Professionals” (straks mei de namme “Bakker Vakkeuken”) oan de Bitgumerdyk, pleatslik bekend as Bûtenpôle húsnûmer 1.)