EKSPORTEARRE BERLTSUMERS

Yn de rin fan de jierren binne der hiel wat BERLTSUMERS ferhúze nei oare doarpen en stêden en it bûtenlân.

In protte Berltsumers binne yn de foarige ieu ek al nei it bûtenlân ta gien. Fanôf 1948 wie der in grutte emigraasjegolf. 12000 Friezen binne doe nei Kanada, Nij-Seelân, de Feriene Steaten en Súd-Afrika ferhúze. Yn 1869 wie Klaas Aart ‘s Aartsma hjir al agent fan in emigraasjekantoar. Yn 1882 bgl. wie skuonmakker en barbier Sjoerd Wymert ‘s Sjoerdsma, (boaske mei Elisabeth Jacobs Keuning en oarspronklik ôfkomstich fan Grou) hjir yn BERLTSUM agent fan de “Kon. Ned. Stoomboot Maatschappij, direkt lijn Amsterdam - New York”. Letter de “Holland-Amerika lijn” (H. A. L.) neamd. Omdat it haadkantoar yn Rotterdam en de skippen op Amearika fearen. Mei dizze line binne hûnderttûzenen emigrearre. Op 15-11- 1900 is hjir in feriening oprjochte mei de namme “De Emigrant” mei it doel om net- en mindervermogende Berltsumers te helpen by it emigrearjen. Dit gie by útlotsjen.

Foaral yn it midden fan de 20e ieu, nei de Twadde Wrâldkriich, binne hiel wat húshâldings nei oare doarpen en stêden ferhúze. Ja sels in protte nei it bûtenlân. Nei Amearika, Kanada, Australië en Nij - Seelân. Hja seagen it hjir net mear sitten. Hiele húsgesinnen gienen fuort. It heucht my noch, dat op skoalle en yn tsjerke hiele rigen stuollen en banken leech kamen te stean. Boarterskammeraten gienen samar fuort, jo koene it jin net begripe as bern. Myn freon op de legere skoalle, Jouke Heerke ’s van Schepen, sei tsjin my, witst do wol hoe ‘t ik dêr yn Amearika kom te hjitten? Joe! En wy geane mei in hiele grutte boat. It duorret wol mear as in wike ear ’t wy dêr oankomme. It doarp hjit De Motte en it leit yn de steat Indiana. Yn myn tinzen seach ik it al, myn kammeraat kwyt en dy soe ik nea, mar dan ek nea net werom sjen. Tusken 1946 en 1952 binne sa ’n 143.000 Nederlanners emigrearre. De measten gienen nei Kanada (62.000) en Australië (38.000). Hjoed de dei giet hast net ien mear mei de boat. Alles giet no mei de fleanmasine en jo binne sa mar oer. Withoefaak sjocht men hjir wer bekende gesichten en de Berltsumers geane no ek withoefaak op famyljebesite of mei fekânsje oer de grutte plassen. De wrâld is lytser wurden. Sa binne hjir, om mar in pear nammen te neamen, de famyljes Heerke van Schepen (Heerke en Klaasje en dêrfoar wie syn broer Sjerp him al foargien), Pieter Bangma, Wytse Jacob ’s Tuinenga, (Wytse en Hinke), Imre Medgyes (de Hongaar), Johannes van Dokkumburg, (Johannes & Ymkje) en guon fan de van Tuinen ’s, de Smitsen en de Nieuwhof ’s nei it bûtenlân ta gien. De famylje Gysbert Willem ’s Boomsma, (Gys en Boukje) nei de Hoogovens yn IJmuiden/Velsen. Lolke- en Jan Jan ’s Lolkema nei Ljouwert, broer Tsjip nei Minnertsgea, Jouke Jan ‘s Lolkema en syn broer Marten Jan ‘s Lolkema (Marten en Flora) nei de Hoogovens. Net ien mear út dit grutte gesin mei de namme Lolkema is hjir wenjen bleaun. De famyljes Gerlof Jacob ’s Tuinenga (Gelf en Feikje) út de Buorren nei de N. E. Polder en Hielke Jan ‘s Gerkema (Hielke en Murkje) út de Nijebuorren nei de Wieringermarpolder. Marten Jan ’s van Dijk (Marten en Mintsje) nei Philips yn Drachten, Thys Jouke ‘s van Schepen (Thys en Bonnie) nei Dokkum en gean sa mar troch. Te folle nammen om op te neamen. Sa binne ek al hiel âld-Berltsumers lykas bgl. de Spoelhof ‘s (Willem, Jan) en de Appelhof ‘s (Dedde, Jacob, Yme,) hjir al earder fuotgien. Dedde Jacob ’s (Appelhof) berne yn 1696 wie hjir yn 1722 “steenmaecker en former”op het (al fan foar 1698 “Oud”) tichelwerk te BELCUM, no Hôfsleane húsnûmer 76) en guon minsken út de Lolkema sibbe al earder út BERLTSUM wei gien nei omlizzende doarpen en it bûtenlân. Efternammen as Spoelhof en Appelhof komme hjir yn BERLTSUM dan no ek net mear foar. Hjir moast de man it allinne fertsjinje. Mar hja, dy ’t emigrearren, wienen noch mar krekt yn it nije lân fan bestimming of it hiele gesin, man, frou en bern gienen meiinoar oan it wurk. Myn heit sei wolris, as hja it yn ús lân ek sa dien hienen, hienen hja hjir ek wol in goed bestean opbouwe kinnen. Om dêr in eigen bedriuw te begjinnen wie wol makliker as hjir yn ús lân. In skoftsje letter kamen hjir de saneamde gastarbeiders (Spanjoalen, Itaaljanen, Marokkanen en Turken) om ‘t hjir yn ús lân in grut ferlet fan wurknimmers wie. Rûn it jier 2000 hawwe wy hjir yn BERLTSUM wer in protte (gast) arbeiders krigen, nee ik moat no sizze: wurknimmers (Poalen, Hongaren, Bulgaren, Roemenen etc.) dy it wurk yn de kassen en op in protte oare plakken dogge. Wy binne wiis mei dy (jonge) minsken, sa ’t yn dy oare lannen en yn dy oare stêden en doarpen, de minsken fêst ek wol wiis west ha mei al dy eksportearre Berltsumers.

In reis nei New Yok duorre om 1955 hinne noch sa ’n 8 dagen, dat in no net mear yn te tinken mei 6 ûren fleanen! Tsien jier letter waard de loftfeart sa populêr dat de emigraasjeskippen allinne noch mar brûkt waarden foar cruises. Yn 1958 waard bgl. noch in steamskip boud, de ss Rotterdam, dit skip waard brûkt foar de fêstetjinst Rotterdam-New York. It skip leit no yn de Rotterdamkse haven as toeristyske attraksje, en men kin dêr alderhanne aardige dingen dwaan en der fine rûnliedings plak mei in audiofoon, wêrby ‘t men alles te witten komme kin oer it skip.

GOOGLE: sjoch op: Berlikumers aan het woord – BERLIKUM.com

(Minsken mei in ferhaal) Twa wrâlden komme gear.

L. C. 25-11-1899.

EEN AARTSVADERLIJKE FAMILIE.

Tot de familiën die op een zeldzaam hooge ouderdom mogen bogen, behoort in de eerste plaats de familie Sjoerdsma, afkomstig uit Grouw. Deze familie bestaat nog uit vijf broeders en zusters die samen niet minder dan 408 jaren tellen. De oudste, Jan, is geboren 13 juli 1811, de tweede Tettje, 5 maart1814, de derde Sjoerd, 6-8-1817, de vierde, Saakje, 1 october 1820 en de jongste, Rienk, 29 juli 1825, zoodat zij successievelijk 88, 85, 82, 79, en 74 jaar oud zijn. Jan en Saakje wonen te Grouw, Tettje te Boornbergum, Sjoerd te BERLIKUM en Rienk te Franeker. Dezelfde familie telde vroeger ook nog eene zuster, die op 80 jarige ouderdom is overleden.

(Sjoerd Wymers Sjoerdsma, op 27-5-1843 troud mei Elisabeth Jacobs Keuning, wie skuonmakker en agent fan de H. A. L. hjir yn BERLTSUM. Syn pakesizzer Sjoerd van Wigcheren, de soan fan Johannes Jans van Wigcheren en Aukje Sjoerds Sjoerdsma is de ynstjoerder fan it stik oer de emigrearre âld-Berltsumer Johannes Dijkstra dy’t direkteur fan de Fordfabriken yn Amearika wurden is, sjoch earne oars yn dit e-book. In oare pakesizzer fan him, t. w. Maaike Joh. van Wigcheren wie op 27-5-1915 troud mei Pieter Franses Faber (1894-1980) dy’t ek wol it korps “Klimop” en it strykorkest “Groenewold” dirigearre hat, ek yn dit e-book op oare plakken neamd. Sûnt 1-11-1894 hat hjir ek in skuonmakker en barbier P. G. van der Veen yn BERLTSUM wenne.)

(Sûnt 1871 is ek in Rienk Wijmers Sjoerdsma, ôfk. fan Grou, hjir oant 1877 as skipstimmerman.)

....................................................................................................

L. C. 23-12-1988.

It kontakt mei de minsken fûn ik hjir altyd it moaist.

Mw. Bonnema v. d. Burgelijke stand bij afscheid .......... .......... de measte Lautenbachs en Quarrés komme it meast út BERLTSUM en in protte De Boers út Menaam etc. ......... ..........

(foto: Frederice Bonnema.)

L. C. 12-12-1968.

Moarntojoun komt yn de Fryske R. O. N. O. (Radio Omroep Noord en Oost) – útstjûring it twadde program dêr ’t Roel de Haan praet mei Fryske emigranten yn Kanada en de Foriene Steaten. Dit kear sil men dêryn oan it wurd hearre, de famylje Miersma, ôfkomstich út BERLTSUM en de famyljes Straatsma en Talsma, dy ’t foarhinne op ‘e Geast wennen.

GOOGLE: Emigranten út BERLTSUM, gemeente Menameradiel, prov. Fryslân. (Friesland Wonderland).

Foto ’s fan BERLTSUM.

Foto ’s fan histoarysk BERLTSUM.

List fan Emigranten út BERLTSUM.

Sjoch ek op GOOGLE:

Fan WOMMELS nei Batavia, in RUNIA om útens. (1813 - 1841) KLAAIKLUTEN 2010 fan Jelle Miedema út Leien, oarspronklik fan Wommels, in neikommeling fan Leendert Pieter ’s Runia fan BERLTSUM.

en

In nije famylje RUNIA; Oer Jan Edes fan Itens en Spannum (1663 – 1677)

troch Jelle Miedema. (Klaaikluten –Webklik.nl)

BOARGERBOEKEN.

***************

De BOARGERBOEKEN fan de Fryske stêden hjitte yn de oare provinsjes meastal poarterboeken. Oan de manlike ynwenners fan de stêd koe it saneamde boargerskip of it poarterskip takend wurde. Dat wie wichtich foar eltsenien dy ’t yn de stêd in ambacht útoefene, yn ’e hannel siet of syn besittings dêr hie. Om as selsstannige in berop út te oefenjen moast men einliks altyd lid wêze fan in gilde en dêrfoar waard dan wer it boargerskip easke. Om in funksje yn it stedsbestjoer te krijen moast men meastal in oantal jierren boarger fan de stêd west hawwe. Boarger waard men troch berte of troch oankeap. Boargers hienen ferskate foarrjochten lykas frijstelling fan bepaalde toljilden. Neidat de kosten en de eed ôflein wienen (minnisten dienen de belofte) waard men ynskreaun as boarger fan de stêd. As men jierren lang earne oars tahâlde koe it boargerskip ferlern gean (it saneamde “ferwenjen”). Net eltsenien hie dus belang by it boargerskip fan in stêd. It ferbaasde my, by it ynsjen fan in boargerboek, dat by in man dy ’t boarger fan Ljouwert wurde woe en it ek krige, as berop oanjûn waard fan bidler.

Samar twa Boargerboeken wêryn BERLTSUMERS neamd wurde.

Út it BOARGERBOEK fan DOKKUM. (1574 - 1798)

Op 21-12-1613 wurdt Pier Johannes TANIA , ôfkomstich fan BERLTSUM, ynskreaun. Hy is Wynhear fan berop, d. w. s. in troch de stêd út de schepenen keazen tafersjochhâlder fan de steds-wynkelder. In Wynhear hâlde tafersjoch op it behear fan de kelder troch de stedswyntaaper en dy ’t de boekhâlding fierde van keap en ferkeap fan de wyn. (Hy hat yn 1604 ek as Wynhear yn Ljouwert wenne.) Op 27-4-1618 Oene Hilles, smid, fan BERLTSUM. Op 23-12-1629 Thomas Dirks, brouwer, fan BERLTSUM. Op 9-6-1649 Tziaard Pyters fan BERLTSUM. Op 10- 8-1657 Marten Martens fan BERLTSUM, (backersgesel, tr. m. Reinsck Foppis). Op 12-12-1660 Sybrant Jacobi fan BERLTSUM. Op 12-12-1672 Wybren Ballings fan BERLTSUM. Op 17-8-1692 Dirck Louwes, snikfarder út it ANJUMER KLEASTER by BERLTSUM.

ÚT de BOARGERBOEKEN fan LJOUWERT. (ca. 1530 – 1800.)

Fanút BERLTSUM ynkommen:

Rinthie Rinthies, houtsnijder, berne te BERLTSUM. (foar 10- 6-1544) Pier Tania, (wynhear) berne te Berltsum. (1604) Hette Tijercks, vleeshouwer, berne te Berltsum. (1613) Claes Simon, berne te Berltsum. (1613) Sijbbe Jacobs, schoenlapper, berne te Berltsum. (1620) Meinte Tijaerds, bakkersgezel, berne te Berltsum, yn 1626 tr. m. Hil Luijtses ôfk. fan Harns. (1627) Pytter Freerx, bakker, berne te Berltsum. (1630) Wibrant Cornelis, bakker, berne te Berltsum. (1630) Eme Emes wagenmaker, berne te Berltsum. (1631) Alger Claesz, (Mensma) berne te Berltsum as soan fan de Berltsumer dûmny Claas Jans (Nicolaas Joh.) Monsma, yn 1632 troud mei Aeltje Rycx. Hy waard dêr learling fan de Berltsumer sulversmid Timon Joostes en waard yn 1633 Master. Hy hat û. m. de nachtmielsbekers makke foar de Herfoarme gemeenten fan Burgum en Wynjeterp. Fierders binne der fan him in brandewynskom en in knottekistke yn it Ryksmuseum yn Amsterdam te sjen. (1632) Marten Martens, berne te Berltsum. (1633) Aede Jans, koopman, berne te Berltsum. (1637) Ruird Martens, brouwer, berne te Berltsum. (1645) Claes Ruirdts, koopman, berne te Berltsum. (1651) Dr. Wibrandus Schierhuys. berne te Berltsum. (1659) Pieter Cornelis, berne te Berltsum. (1663) Dirck Beern ‘s Frijenburgh, berne te Berltsum. (1675) Claes Hoytes, berne te Berltsum, koekenbacker (1677). Pyter Jansen fan Berltsum. (1677) Otto Jacobs, minnist, berne te Berltsum. (1686) Albert Meinerts fan Berltsum. (1713) Pijtter Jansen, berne te Berltsum. (1713) (Salvis Floris, berne te Berltsum. (1722) Nollius (Nolke) Hajonides, berne te BERLTSUM, (1729) Hy is in pakesizzer en nammegenoat fan de Berltsumer dûmny Nollius Hajonides. It tusken (----) neamde jiertal is it jier fan it ferkrigen boargerskip fan de stêd Ljouwert.

Samar in pear oare nammen:

Yn 1608 wurdt Willem Clotz (of Clots), (koken)skriuwer fan steedhâlder (Willem Lodewyk, ús Heit) boarger fan de stêd Ljouwert. Hy is ôfkomstich út de omkriten fan Aken (Düren,) Yn 1786 wurdt dr. Petrus Adrianus Schik, berne te Menaam, boarger fan de stêd Ljouwert. Beide binne, krekt as de yn dit e-book neamde (van) Knijff ’s, besibbe oan de BERLTSUMER Lautenbach ’s. De frou fan Jacobus Lautenbach wie Engeltje Willem ‘s Klotz. Beide binne ek myn foarâlden. Boppeneamde Pier Tania (wynhear) is nammers ek oan my besibbe. In Foppe Pier ‘s Tania, de soan fan Pier Siercks, berne om 1480 hinne, en syn frou Catrijn Doeckis wienen boer en boerinne op “Berckwert” ûnder Kubaard. Yn 1696 wurdt de ûnder de Siktarissen fan MENAMERADIEL neamde Christiaan de Hertoghe, klerk fan de Deputearre Steaten (“ de gewesene secretaris van MENALDUMADEEL” berne te Den Haach en doe wenjende op it no saneamde “Schatsenburg” by Dronryp. *), boarger fan Ljouwert. Hy wie dus promovearre. Yn 1699 wurdt Livius Osinga (foarhinne notaris te Dronryp en boaske mei Suzanna Schik, de suster fan Johan Caspar Schik) boarger fan de stêd Ljouwert. (Gemeente siktaris fan Menameradiel, Joh. Casparus Schik, hie tusken 1728 en 1738 Gralda state yn Menaam kocht.)

* ) Fuotnoat:

De siktaris fan prins Johan Willem Friso en letter fan syn widdo prinses Maria Louise van Hessen-Kassel, de âldfeint Christiaan de Hertoghe, earder siktaris fan MENAMERADIEL, hat yn 1698 bûtenpleats Brantsma State bouwe litten tegearre mei syn swager dr. Hermanus Huber en syn frou Elisabeth de Hertoghe, wat yn 1749 pas de namme SCHATZENBURG krige. Letter wenne hjir Johannes Lambertus Huber ien fan de patriottenlieders dy ’t yn 1787 flechtsje moast nei Frankryk ta. Schatzenburg is doe Steatsbesit wurden. Yn 1790 wie hjir Cornelis Martinus Haersema kommen te wenjen. Yn 1837 waard, oant syn dea ta, dr. Assuerus Questius de bewenner. Hjirnei kaam it hûs, no pl. bek. as Eastryp 1 te Dronryp, yn besit fan de Stifting Gasthûs Vredenhôf. Wa ’t de tún mei slingerpaden, hôving, fivers, grêften, in grientetún (kokentún) en it romantysk park-bosk ûntworpen hat is net rjocht bekend. (Lucas Pieters Roodbaard of Lambertus Vlaskamp?) Yn 1999-2000 is it park mei 0,9 hektare útwreide nei it ûntwerp fan túnarsjitekte Els van der Laan. De bûtenpleats stiet op de Ryksmonumintenlist.

Petronella Schik (Schick), berne te Dronryp op 26-6-1720 en ferstoarn te Zevenbergen op 9-5-1748. (de dochter fan Caspar Joh. Schik, berne te Ljouwert yn 1676, GRITENIJSIKTARIS fan MENAMERADIEL en STIENFABRIKANT (op de Orebyt), stoarn te Dronryp yn 1747 en Luitske (van) Rodenhuis, berne te Raard (Rauwerd) yn 1683 en stoarn te Dronryp yn 1743.) is op 9-6-1743 te Marsum troud mei ds. Andrias (Andreas) Gerrits Potter, berne te Warkum op 28-12-1704 en ferstoarn te Alphen a. d. Rijn op 10-10-1781. Hy wie doe by syn houlik dûmny yn Marsum.

In Anna Schik, ek út dit skaai, berne op 11-4-1784, doopt te Ljouwert op 2-5-1784 en stoarn te Dronryp op 22-7-1823, wie troud mei Neno Burhoven Viëtor, berne te Grins op 5-11-1783 as soan fan Cornelis Viëtor en Klasina Burhoven, en stoarn te Dronryp op 27-7-1825, 2e Ltn. yn de 3de Kompanjy fan it Bataljon Bataafsche Artillerie yn (1803), maire, ûntfanger te Dronryp,

Sjoch fierders it boek:

2000 jaar leven in een Friese Grietenij MENALDUMADEEL fan David Hartsema.

De siden 55, 57 o. m. 75, 79 oer de Lautenbachs, de Knijffs, de Nobels etc. Twee processen, een verbroken trouwbelofte en wat daar nog meer achterwege komt.

(Eerste bedrijf – om een trouwbelofte. Tweede bedrijf: Het popke heet Johanna Casparina.)

L. C. 22-6-1955.

J. Okkinga burgemeester Terschelling; mr. F. G. A. Huber benoemd op Ameland.









Foto: It sûnt 1941 âld-Berltsumer skoalhaad fan de iepenbiere skoalle Jan Okkinga.

L. C. 4-3-1995.

Sikke Lautenbach in STIENS honderd jaar.








(foto: Sikke Ynze ‘s Lautenbach.)

L. C. 9-6-2012.

ZWEEDSE LIEDJES OP DE SLACHTE.

Van Zweeds bos naar Fries vergezicht. De van oorsprong Friese familie Berger woont sinds 7½ jaar in het kleine dorpje Nyskogen, ruim 330 km ten noorden van Götenborg. De 44 jarige in BERLIKUM geboren en afkomstige Tiny runt daar een kapsalon. Haar man Jo is geboren in Leeuwarden. Ze komen voor de Slachtemarathon.



(foto: “We komen eraan!” De familie Berger: Jo, Tiny, en kinderen Esmee (13) en Cédrik (10))

L. C. 9-6-2012.

SLACHTE op SLIPPERS.

Adam Joostema uit BERLIKUM loopt zijn 4e Slachtemarathon op slippers.




(foto: Adam (Hein ’s) Joostema fan de Nijebuorren 12, hjir ek wol neamd “Adamsky.” )

Nei de U. S. A. fanút BERLTSUM fuotgiene BERLTSUMERS, mei de bern hjir berne foar 1902

(Man, frou en bern neamd, doedestiids as ynwenner fan BERLTSUM en KLEASTER-ANJUM)

Hendrik Vogel, bakkersfeint, soan fan Feico Vogel en Grietje Leenstra, berne 6-1-1891, Hieke Kramer, dochter fan Jacob Kramer en Dieuwke Vrieswijk, berne 15-4-1894, Houke Vogel, s. f. Feico Vogel en Grietje Leenstra, berne 30-12-1898, Houlje Post, d. f. Thijs Post en Grietje Wouda, berne 2-6-1895, Hylkes Namles Hylkema, s. f. Namle Hylkes Hylkema en Taetske Martens Kuperus, berne 12-8-1872, Hylkje Wybrens Reidsma, tsjinstfaam, d. f. Wybren Siedses Reidsma en Sijke Andries Koopmans, berne 23-1-1871, Jacob Feddriks Kramer, s. f. Feddrik Kramer en Trijntje Jacobs Runia, berne 12-8-1861, Jacob de Graaf , s. f. Willem de Graaf en Jeltje Bakker, berne 30-1-1882, Jacoba Wassenaar, d. f. Gijsbert Wassenaar en Antje Hogerhuis, berne 21-5-1884, Jacobus Vogel, s. f. Feike Vogel en Grietje Leenstra, berne 6-7-1894, Jan Boomsma, arbei- der, s. f. Piebe Boomsma en Trijntje Dijkstra, berne 28-10-1884, Jan Feddriks Kramer, arbei- der/frachtrider, s. f. Feddrik Kramer en Trijntje Jacobs Runia, berne 10-6-1863, Jan Hoekstra, s. f. Cornelis Heerkes Hoekstra en Akke Sijes de Jong, berne 19-8-1864, Jan Klaver, s. f. Taeke Klaver en Akke Westra, berne 20-7-1891, Jan Kramer, s. f. Jacob Kramer en Dieuwke Vrieswijk, berne 28-4-1891, Jan Rinzes van der Lei, s. f. Rinze van der Lei en Elisabeth Nicolaas Klok, berne 27-8-1868, Jan Sjoerdsma, s. f. Andries Sjoerdsma en Lutske Wassenaar, berne 8-5-1883, Jan Tuinstra, s. f. Sierd Tuinstra en Welmoed van der Meer, berne 29-3-1898, in Jan Symens van der Wal, arbeider, Kleaster-Anjum, berne 30-9-1852, Jan Wassenaar, s. f. Gysbert Wassenaar en Antje Hogerhuis, berne 28-11-1885, Jan Westra, arbeider, s. f. Gerrit Westra en Knierke Miedema, berne 15-1-1884, in Jan Wybes van der Pan, timmerknecht, berne 18-8-1817, Janke Gros, d. f. Meindert Gros en Taetske Groninger, berne 24-4-1886, Janke Kramer, d. f. Jacob Kramer en Dieuwke Vrieswijk, berne 3-10-1902, Janke van Wijk, d. f. Klaas Tjittes van Wijk en Trijntje Borduin, berne 17-12-1887, Janna Wassenaar, d. f. Bauke Wassenaar en Akke Hager, berne 27-7-1892, Jarig Klazes van der Schaaf, timmerman, s. f. Klaas Jarigs van der Schaaf en Douwtzen Taekes Lautenbach, berne 9-12-1850, Jeltje Bakker, d. f. Jacob Salvus Bakker en Dieuwke Hettes Hettema, berne 12-7-1852, Jeltje Rinzes van der Lei, d. f. Rinze Jans van der Lei en Elisabeth Nicolaas Klok, berne 2-10-1865, in Jeltje Thomas Kuipers, berne 28-8-1864, Jeltje Vellinga, d. f. Sjoerd Reinders Vellinga en Afke Anes Anema, Kleaster- Anjum, berne 10-7-1871, Jeltje Westra, Kleaster- Anjum, d. f. Jan Westra en Jeltje Vellinga, berne 19-4-1893, Jitske Hacquebart, d. f. Gerrit Hacquebart en Jeltje Kuipers, berne 11-7-1891, in Jitske Tjisses Wallendal, berne 17-7-1872, Johanna Strooisma, d. f. Dirk Strooisma en Dirkje Vogel, berne 26-10-1891, Johannes de Vries, s. f. Gerrit de Vries en Beerendtje Johannes de Valk, berne 20-9-1878, in Johannes Dijkstra, berne 30-7-1893, in Johannes Hoogstra, berne 20-2-1871, Jouke Feijma, s. f. Klaas Feijma en Froukje Joukes van Schepen, berne 11-4-1884, in Joukje Andringa, Kleaster-Anjum, berne 8-2-1885, Jurjen Pieterzen, s. f. Egge Pieters Pieterzen en Swopkje Huitinga, berne 16-2-1864, Klaas Feijma, troud mei Froukje Joukes van Schepen, berne 16-5-1849, Klaas Reitsma, s. f. Marten Klazes Reitsma en Dieuwke Douwes Peterzon, berne 12-5-1868, Klaas Sijes de Jong, skipper, s. f. Sije Wiebes de Jong en Geertje Klazes Werkhoven, berne 18-2-1834, Klaas Terpstra, s. f. Pieter Terpstra en Sijke Vlieg, berne 17-11-1881, Klaas Tjitte Jannesz. van Wijk, ferver, berne 3-11-1854 te Haskerlân, in Klaas van der Wal, Kleaster-Anjum, berne 27-2-1881, in Klaasje Haarsma, berne 13-8-1899, in Klaasje Klazes Post, berne 21-5-1893, in Klaaske Willems Nauta, berne 4-3-1881, Kornelis Hylkema, s. f. Namle Hylkes Hylkema en Taetske Martens Kuperus, berne 11-5-1880, in Lijsbert Sierks Buren, troud mei Wieger Symens Hoppinga, Kleaster-Anjum, berne 1-10-1857, Lolke de Jong, s. f. Klaas Sijes de Jong en Trijntje Klazes Boomstra, berne 21-8-1872, Lolkje van Wijk, d. f. Klaas Tjittes van Wijk en Trijntje Borduin, berne 20-3-1880, Lutske Jans Wassenaar, d. f. Jan Gysberts Wassenaar en Grietje Boukes de Jong, berne 9-10-1837, Maaike Draaijer, d. f. Sikke Draaijer en Aukje Dijkstra, berne 17-9-1896, in Maartje Haarsma, berne 7-6-1875, Marten Hylkema, s. f. Gatse Hylkes Hylkema en Antje Martens Kuperus, berne 11-7-1871, Marten Jans Hoekstra, gernier, s. f. Jan Heerkes Hoekstra en Tietje Martens Klaver, berne 6-5-1856, Marten Monsma, s. f. Jan Jans Monsma en Etje Jans Klaver, berne 28-6-1871, Martha Hoekstra, d. f. Cornelis Heerkes Hoekstra en Akke Sijes de Jong, berne 29-8-1867, in Meindert Posthumus, berne 9-8-1868 te Ljouwert as s. f. Gerrit Posthumus en Elisabeth Piersma, Metje de Vries, d. f. Gerrit de Vries en Berentje (de) Valk, berne 9-7-1880, in Minne Braaksma, berne 21-3-1899, Minne Posthumus, s. f. Minne Minnes Posthumus en Aaltje Freerks van Dijk, berne 29-1-1852, in Namle Hylkema, keapman, berne 29-5-1842, Namle Hylkema, s. f. Hylke Hylkema en Saapke de Groot, berne 3-11-1900, in Pieter Douwes Peterzon, berne 2-4-1848, in Pieter Foppes Andringa, Kleaster Anjum, berne 21-1-1858, in Pieter Hendrik Pieters Haarsma, skuonmakker, soan fan Hendrik Pieters Haarsma en Baukje Franzes Tilstra, berne 19-12-1847 Frjentsjerteradiel, Pieter Hacquebart, s. f. Gerrit Hacquebart en Jeltje Kuipers, berne 15-8-1890, Pieter Hoekstra, s. f. Marten Hoekstra en Tietje Damstra, berne 12-6-1893, Pieter Runia, s. f. Kornelis Jans Runia en Ytje Sybrens Lautenbach, berne 11-2-1899, Pieter Pieters Weg, skûtmakker, s. f. Pieter Weg, skuonmakker en Sybrigje Piers Rozendal, berne 9-6-1873, in Pietje de Vries, berne 12-2-1871, Pietje Dirks Terpstra, d. f. Dirk Terpstra en Antje de Boer, Kleaster Anjum, berne 19-2-1881, Aafke Weg, d. f. Pieter Weg en Eeke Zijlstra, berne 25-11-1897, Aaltje Sjoerdsma, d. f. Andries Sjoerdsma en Lutske Wassenaar, berne 1-2-1885, in Akke Harmens Hager, berne 6-2-1860, Akke Sijes de Jong, gernierske, d. f. Sije Wijbes de Jong en Geertje Klazes Werkhoven, berne 14-11-1827, Akke Tolsma, d. f. Sjoerd Baukes Tolsma en Trijntje Klazes Werkhoven, berne 2-6-1839, in Albert Gerrits Brouwer, arbeider súvelfabryk, berne 30-9-1902, Albert Wassenaar, s. f. Gysbert Wassenaar en Antje Hogerhuis, berne 16-6-1892, in Ale Bouma, berne 21-7-1894, Ale Vogel, ferver, s. f. Feike Vogel en Grietje Leenstra, in Andries Sjoerds Sjoerdsma, molkesútelder, berne 23-1-1858, in Anna Antje van Dijk, Kleaster Anjum, berne 12-4-1913, in Anna Elizabeth Kuipers, berne 5-10-1900, Anna Wiebrens Hogerhuis, d. f. Wybren Luimes Hogerhuis en Japke Keimpes Faber, Anne Vogel, soan fan Feike Vogel en Grietje Leenstra, berne 29-4-1896, Anne Werkhoven, s. f. Pieter Werkhoven en Janke Meijer, berne 8-3-1893, in Antje de Vries, berne 17-8-1881, in Antje Kolk, berne 1-11-1909, in Antje Peterzon, berne 18-2-1878, Antje Runia, d. f. Jan Runia en Antje Terpstra, berne 2-5-1889, Antje Sijes Hoekstra, d. f. Sije Hoekstra en Hiltje Akkerman, berne 3-1-1883, in Antje Symons Dykstra, berne 26-3-1882, in Antje van der Wal, berne 13-9-1912, Arjen Bouma, bouboer, (Kleaster-Anjum) berne 3-6-1897, Arjen van der Plaats, s. f. Jan van der Plaats en Minke Hoekstra, berne 24-10-1894, Aukje Rintjes d. f. Rintje Martens Dijkstra en Tjitske Jellema, berne 16-3-1870, Bauke Jans Wassenaar, s. f. Jan Gysberts Wassenaar en Grietje Baukes de Jong, berne 12-8-1862, in Baukje Haarsma, berne 15-1-1877, Baukje Post, d. f. Thijs Post en Grietje Wouda, berne 12-5-1892, Berber Pieters Tuinstra, d. f. Pieter Sierds Tuinstra en Antje Klazes Bijlsma, berne 8-10-1855, in Berend Sjoukes Strooisma, berne 30-4-1889, in Berendje de Valk, berne 20-8-1844, Cornelis Sijes Hoekstra, s. f. Sije Hoekstra en Trijntje van Dijk, berne 30-12-1881, Dedde Hoekstra, s. f. Marten Hoekstra en Tietje Damsma, berne 17-4-1898, Dieuwke Douwes Peterzon, húshâldster, widdo fan Marten Reitsma, berne 26-3-1837, in Dieuwke Jans Vrieswijk, berne 20-12-1864, Dieuwke Kuipers, d. f. Thomas Jans Kuipers en Jetske Jacobus van Dijk, berne 13-1-1867, in Dirk Dijkstra, berne 26-8-1895, Dirk Freerks van Dijk, arbeider, s. f. Freerk Dirks van Dijk en Lijsbeth Thomas Boomsma, berne 26-5-1895, in Dirk Haarsma, berne 2-12-1887, in Dirk (Harmens)Herrema, boerefeint, berne 6-3-1895, Dirk Vogel, s. f. Feike Vogel en Grietje Leenstra, berne 6-12-1902, Dirk Wassenaar, s. f. Gijsbert Wassenaar en Antje Hogerhuis, berne 7-4-1881, in Dirkje Bouma, berne 25-2-1847, Dirkje Haarsma, d. f. Pieter Haarsma en Dirkje Bouma, berne 30-7-1882, Dirkje Runia, d. f. Tjeerd Runia en Hiltje Braak, berne 13-12-1883, Dooitze Gabes de Jong, s. f Gabe Wijbes de Jong en Foekje Dooitzes Dijkstra, berne 1-6-1833, Douwe Dusselaar, arbeider, s. f. Bauke Dusselaar en Fetje Douma, berne 23-8-1899, Douwe Kramer, s. f. Jacob Kramer en Dieuwke Vrieswijk, berne 14-8-1897, in Douwe Pieters van der Schaaf, berne 20-1-1872, Douwe Ruiter, s. f. Hendrik Ruiter en Janke Peterzon, berne 4-6-1886, Elisabeth Kramer, d. f. Jan Kramer en Tettje van der Lei, berne 19-2-1891, in Elisabeth van der Lei, berne 7-8-1894, Fedde van der Graaf, s. f. Willem van der Graaf en Jeltje Bakker, berne 19-12-1892, Feike Ale Gosses Vogel, ferwer, berne 29-11-1865 te Minnerts- gea, Feike Draaijer, s. f. Sikke Feikes Draaijer en Aukje Rintjes Dijkstra, arbeider flaaksfabryk, berne 14-4-1901, Feikje Draaijer, d. f. Sikke Feikes Draaijer en Aukje Rintjes Dijkstra, berne 5-7-1898, Feikje Hoekstra, d. f. Marten Hoekstra en Tietje Dusselaar, berne 28-11-1902, in Folkert van der Meulen, skuonmakkersfeint, berne 5-3-1878, in Folpert Andringa, Kleaster- Anjum, berne 3-11-1883, Frans Thomas Kuipers, s. f. Thomas Kuipers en Jitske Jacobs van Dijk, berne 20-1-1874, in Frederik Kramer, berne 16-3-1992, in Freerk Freerks Lautenbach, berne 18-7-1893, in Freerk Lautenbach, berne 15-2-1906, Freerk Posthumus, s. f. Minne Minnes Posthumus en Aaltje Freerks van Dijk, berne 1-1-1854, Froukje van Schepen, d. f. Jouke Jacobus van Schepen en Sytske Ruurds Braaksma, berne 28-3-1853, Gabe de Jong, gernier, s. f. Sije Wybes de Jong en Geertje Klazes Werkhoven, berne 16-10-1841, Gabe de Jong, s. f. Klaas Sijes de Jong en Trijntje Klazes Boomstra, berne 20-3-1877, Geert van Wijk, s. f. Klaas Tjittes van Wijk en Trijntje Borduin, berne 13-11-1883, Geertje Douwes Braaksma, d. f. Douwe Sytses Braaksma en Geertje Lolkes Boomstra, berne 5-7-1876, Geertje Hoekstra, d. f. Cornelis Heerkes Hoekstra en Akke Sijes de Jong, berne 17-12-1861, Geeske van Wicheren , ferpleegster, (Wigcheren) d. f. Johannes van Wigcheren en Aukje Sjoerdsma, berne 20-2-1897, Gerben Feijma, s. f. Klaas Gerbens Feijma en Froukje Joukes van Schepen, berne 19-8-1878, In Gerben Visser, berne 5-2-1868, in Gerbrigje Klazes Kuiken, Kleaster Anjum, berne 5-1-1853, Gerrit de Vries, s. f. Sybren Gerrits de Vries en Grietje Klazes Hager, berne 23-4-1843, Gerrit Jans Westra, s. f. Jan Ages Westra en Janke Gerrits de Jong, berne 20-2-1857, Gerrit Pieters Hacqubart, beurtskipper, s. f. Gerrit Hacquebart en Janke Sytses Braaksma, berne 17-9-1864, Gijsbert Dirks Wassenaar, s. f. Dirk Gysberts Wassen- aar en Janna Alberts de Haan, berne 26-9-1855, Gosse Vogel, s. f. Ale Vogel en Grietje Leenstra, berne 4-7-1908, Grietje de Vries, d. f. Gerrit Sybren Gerrits de Vries en (de te Grins om 1845 hinne berne) Berendtje Johannes de Valk, berne 23-2-1868, Grietje Leenstra, troud mei Feike Vogel, berne 17-4-1868, Grietje van der Graaf, d. f. Willem van der Graaf en Jeltje Bakker, berne 23-1-1891, Grietje Wassenaar, d. f. Bauke Wassenaar en Akke Hager, berne 6-4-1892, Harmen Hendriks Douma, s. f. Harmen Folperts Douma en Taekje Harmens Terpstra, berne 7-5-1878, Harmen Wassenaar, s. f. Bauke Wassenaar en Akke Hager, berne 3-2-1896, Heerke Hoekstra, s. f. Sije Hoekstra en Trijntje van Dijk, berne 12-8-1885, Hendrik Boomsma, s. f. Romke Boomsma en Geertje van Dompselaar, berne 5-12-1882, in Hendrik Haarsma, berne 4-8-1874, Hendrik Hyl- kema, s. f. Hylke Hylkema en Saapke de Groot, berne 25-7-1899, Hendrik Pieters Bouma, s. f. Klaas Bouma en Rinske Bouma, berne 14-10-1887, in Hendrik Santhuizen, berne 14-10-1887, in Pietje Gerrits Kramer, tsjinsfaam, berne 13-7-1851, in Pietje Jans Schat, berne 29-9-1880, Pietje Runia, d. f. Tjeerd Runia en Hiltje Braak, berne 29-3-1880, in Popke van der Graaf, berne 7-7-1893, Reinder Tolsma, s. f. Rindert Tolsma en Rinske Johannes Postma, berne 28-11-1860, in Rients Sieses Wiarda, molkekontroleur, berne 4-2-1890 te Wûnseradiel, Rinske de Vries, d. f. Gerrit Syberens de Vries en Berendje Johannes de Valk, berne 22-12-1869, in Rinske Peterzon, berne 18-2-1880, Rintje Hoekstra, s. f. Sije Hoekstra en Trijntje van Dijk, berne 8-1-1884, Rinze Reitsma, s. f. Marten Klazes Reitsma en Dieuwke Douwes Peterzon, berne 19-1-1873, in Roelof Lautenbach, arbeider súvelfabryk, berne 10-4 -1883, Romkje van der Pan, d. f. Jan Wybes van der Pan en Hiltje Ynzes Ydema, berne 19-3-1854, in Saapke Hendriks de Groot, berne 15-10-1871, Sientje Boomsma, d. f. Lolke Boomsma en Catharina Boxum, berne 6-11-1890, in Sierk Andringa, Kleaster Anjum, berne 22-2-1889, Sijbren Jacobus Lautenbach, keapman, s. f. Jacobus Lautenbach en Saakje Jochums Bakker, berne 14-2 -1854, Sije Kornelis Hoekstra, arbeider, s. f. Kornelis Heerkes Hoekstra en Akke Sijes de Jong, berne 22-10-1857, Sikke Feijkes Draaijer, s. f. Feike Jans Draaijer (berne te Bitgum om 1828 hinne, (de Draaijers (Drayers) komme oarspronk- lik fan Bitgum) ) earst troud mei Sytske Braaksma en dêrnei mei Trijntje Annes Werkhoven, berne 25-2-1865, Sijke Hoekstra, d. f. Marten Hoekstra en Tietje Damstra, berne 28-2-1890, in Sikke Lammerts Brouwer, berne 27-5-1851, Sipkje van der Graaf, d. f. Willem de Graaf en Jeltje Bakker, berne 19-12-1887, Sjoerd Sjoerdsma, s. f. Andries Sjoerdsma en Lutske Wassenaar, berne 26-8-1888, Sjouke van der Graaf, s. f. Willem van der Graaf en Jeltje Bakker, berne 13-10-1884, Sjoukje Runia, d. f. Tjeerd Runia en Hiltje Braak, berne 6-5-1888, in Sybe Meinderts Postma, slachter, berne 5-8-1858, Sybren de Vries, s. f. Gerrit Sybrens de Vries en Berendje Johannes de Valk, berne 4-2-1877, Sybrigje de Vries, d. f. Gerrit Sybrens de Vries en Berendje Johannes de Valk, berne 3-9-1874, Sybrigje van Schepen, d. f. Heerke Joukes van Schepen en Rinske Jellesma, berne 21-11-1889, in Symen van der Wal, Kleaster Anjum, berne 20-9-1878, Sytske Feijma, d. f. Klaas Feyma, en Froukje van Schepen, berne 27-4-1882, in Taetske Hylkema, berne 6-2-1896, in Taetske Westra, berne 15-10-1908, Theunis Runia, s. f. Jan Runia en Antje Terpstra, berne 17-8-1890, Tietje Gerrits Westra, tsjinstfaam, d. f. Gerrit Westra en Knierke Miedema, berne 20-11-1887, in Tiete Johannes Dykstra, stoker, berne 14-5-1871, Tietje Hoek- stra, d. f. Marten Hoekstra en Jifke Wassenaar, berne 18-4-1883, Tjeerd Boomsma, s. f. Lolke Boomsma en Catharina Boxum, berne 17-12-1886, Tjeerd Keimpes Reitsma, s. f. Keimpe Reitsma en Janke Nieuwhof, berne 12-4-1893, Tjeerd Pieters Runia, slachter, s. f. Pieter Runia en Durkje Anskes Postma, berne 29-5-1850, Tjettje Rinzes van der Lei, d. f. Rinze Jans van der Lei en Elisabeth Nicolaas Klok, berne 2-10-1865, Tjitske van Wijk, d. f. Klaas Tjittes van Wijk en Trijntje Borduin, berne 8-8-1885, Tjitte Klazes van Wijk, berne 22-2-1877, in Trijntje Boomsma, berne 22-2-1833, Trijntje Cornelis Hoekstra, d. f. Cornelis Heerkes Hoekstra en Akke Sijes de Jong, berne 30-5-1855, Trijntje Faber, d. f. Sjoerd Klazes Faber en Lijbrig Sjoerds Tolsma, berne 28-7-1874, in Trijntje Geerts Borduin, berne 25-4-1855, Trijntje Hoekstra, d. f. Marten Hoekstra en Tietje Damstra, berne 25-4-1855, in Trijntje Kramer, berne 23-8-1913, in Trijntje Rintjes van Dijk, berne 28-4-1860, in Trijntje Tjepkema, berne 22-7-1890, Trijntje Jans van der Lei, d. f. Jan van der Lei en Jitske Wallendal, berne 23-8-1892, Trijntje van der Wal, Kleaster Anjum, troud mei Sjoerd de Vries, berne 3-12-1884, Wiebren Wassenaar, s. f. Gijsbert Wassenaar en Antje Hogerhuis, berne 22-9-1882, in Willem Koopmans, skippersfeint, berne 11-9-1857, Willem Popkes van der Graaf, molkesútelder, berne 2-12-1851, in Willem Visser, ferver, berne 28-7-1860. Ype Sjoerds Groenhout, timmerfeint, s. f. Sjoerd Groenhout en Ytje Nieuwhof, berne 1-3-1891, Ysbrand Sijbes Bontekoe, s. f. Sybe Bontekoe en Minke van Manen, berne 17-9-1886, in Ytje de Jong, berne 8-11-1889, Ytje Tjeerds Runia, d. f. Tjeerd Runia en Hiltje Braak, berne 22-4-1880, Ytje Sakes Wijma, tsjinstfaam, d. f. Sake Wijma en Eke Willems Louwenaar, berne 12-10-1893, Zweitse Johannes van der Wal, s. f. Johannes van der Wal en Antje Bosgra, berne 22-6-1885, in Wybe de Jong, berne 3-6-1863, Wybe Jans van der Pan, berne 29-7-1847, in Wyger Pieters Peterzon, timmerfeint, berne 26-3-1885, Ymkje Hylkema, d. f. Hylke Hylkema en Saapke de Groot, berne 29-8-1902, in Yme Sybrens Lautenbach, berne 7-5-1891, Ynze Jans van der Pan, s. f. Jan Wichers van der Pan en Hiltje Ydes Tiedema, berne 17-2-1850, Sikke Lammerts Brouwer, berne 27-5-1851, Cornelis Martens C(K)uperus, berne 20-8-1840 te Berltsum, wenjende te Bitgum, troud mei de widdo Ymkje Stienstra werkman, Akke Sijes de Jong, berne 14-11-1827, gernierske, widdo fan Cornelis Hiddes Hoekstra (stoarn 25-12-1869) mei harren trije bern, Dooitze Gabes de Jong, berne 1-6-1833, skipper, Willem Koopmans, berne 11-9-1857, skippers- feint, Jan Wybes van der Pan, berne 18-8-1817 (te Ljouwert) timmerman te Berltsum mei de 3 bern, Pieter Douwes Peterzon, berne 2-4-1848, troud mei Berber Pieters Tuinstra mei 1 bern, Minne Posthumus, berne 29-1-1852, Freerk Posthumus, berne 1-1-1854, werkman en Gerrit de Vries, gernier, berne 23-4-1843, troud mei Berendje Joh. De Valk mei 7 bern.

Hast allegearre hawwe dizze folksferhúzers dêr mei de bern in nij thús fûn yn Amearika, guon Berltsumers binne dêr doe ek west om ris yn Amearika rûn te sjen en om te sjen hoe it harren dêr befoel. Inkelden binne werom kommen. Letter nei de Twadde Wrâldoarloch binne ek wer in protte Berltsumers, berne nei 1902, de grutte plassen oerstutsen en oeral hinne.


L. C. 6-3-1902

NAAR DUITSCHLAND

Ondergeteekende vraagt 15 à 20 melkknechten om 13 Maart ‘s morgens 7 uur vanaf Leeuwarden met hem te reizen naar de beste streken van Duitschland. Voor goede plaatsen en behandeling wordt ingestaan. Te spreken 7 maart bij MAURER, Vrouwenpoort, Leeuwarden: 11 Maart bij Jan van der de Graaf, Hantum en verder tot 13 Maart inlichtingen te bekomen bij Gerrit Plantinga, Stiens en t. h. v. J. van der Graaf, BERLIKUM.

Arjen van der Plaats.


BERLTSUMERS NEI DÚTSLÂN TA OM DÊR TE WURKJEN

Krekt foar en yn it begjin fan ‘e tweintichste ieu binne in protte Friezen, somtiden mei de bern, nei Dútslân tôge om dêr by de boer te wurkjen. Dêr wie foaral krapte oan boerearbeiders. Ek út Berltsum hawwe guon manlju en froulju harren dêr doedestiids yn Dútslân fêstige. De measten binne letter werom kommen. It wienen om sa mar in pear nammen te neamen: In Jelle Kikstra, soan fan Leendert Kikstra en Klaaske Nauta út it Kleaster - Anjum, berne 23-5-1883. In Folpert Douma, soan fan Jouke Folperts Douma en Gerbrich Aukes Nauta, berne 29-9-1877. Anne Sybrens Werkhoven, arbeider, berne 12-4-1838, in Akke Jans Tanja, berne 16-9-1871, troud mei Kornelis Balt en de bern, in Bouke Fokkes Bouma, skuonmakker, berne 31-3-1879, in Bauke Kuipers, fabryksarbeider, berne 25-10-1869, in Bauke Thomas Kuipers, soan fan Thomas Jans Kuipers en Jitske Jacobs van Dijk, berne 22-11-1896, Baukje Miedema, dochter fan Dooitze Miedema en Trijntje Liemburg, berne 10-8-1883, in Bertus Cornelis Tiddens, skipper, en de bern, berne 15-12-1867, Thomas Dirks Westra, troud mei Berber Boersma, berne 27-3-1884 en it soantsje Dirk Westra, berne 7-5-1906, de bern fan in Bertus Tiddens en Maaike van der Veen, Douwe Pieters van der Schaaf, s. f. Douwe Pieters van der Schaaf en Klaaske Andries Visser, arbeider, te Frjentsjer berne 20-1-1872, Folpert Joukes Douma s. f. Jouke Folperts Douma en Gerbrich Aukes Nauta, boerearbeider, berne 29-9-1877, Anne Sybrens Werkhoven, troud mei Taetske Sikkes Brouwer, berne 12-4-1838, Gabe Tjeerds Peterzon, s. f. Tjeerd Rinzes Peterzon en Aafke Gabes Werkhoven, arbeider, berne 19-1-1874, Giltje van der Meer, d. f. Fokke Jans van der Meer en Grietje Frederiks Hoitsma, berne 16-3-1873, Heiltje Klazes de Haan d. f. Klaas de Haan en Trijntje Tolsma, berne 21-9-1880, in Hermina Enninga, berne 7-4-1895, húshâldster, Jan Jelles Heslinga, s. f. Jelle Piers Heslinga en Janke Olferts Wiersma, berne 13-1-1879, Jan Smedinga, s. f. Oege Smedinga en Reintje Hibma, arbeider, te Frjentsjer berne 22-11-1863 mei syn soan en dochters, Korneliske Hiddes Hobma, d. f. Hidde Douwes Hobma en Houkje Tippers- ma, berne te Hennaarderadiel 17-3-1882, Maaike Lieuwes van der Veen, d. f. Lieuwe Jonas van der Veen en Namkje Baukes Wiersma, yn Lemsterlân berne 18-7-1869, Sytze Minnes Braaksma, berne 3-7-1873 en Minne Braaksma, berne 21-3-1899, s. f. Sytze Minnes Braaksma en Trijntje Pieters van der Schaaf, lêstneamde berne 15-4-1876, in Nicolaas Helffrich, stâlfeint, berne 24-1-1910, Pieter Baukes Kuipers, s. f. Bauke Kuipers en Maaike Ypes Kooistra, te Barradiel berne 4-3-1893, Sijke Sybrens Kuperus, d. f. Sybren Kuperus en Saakje Hesselius, berne 8-5-1884, in Sjoeke van der Wal, berne 22-9-1864, in Sjoukje Walta, d. f. Jan Walta en Ida Teppema, te Harns berne 3-5-1873, en in Willem de Jong, boerefeint, berne 25-9-1904.