Rjochte de Diakonije har yn earste ynstânsje op de eigen tsjerkeleden, de Algemiene Earmfâdij gie meast oer de minsken dy ’t net by in tsjerke hearren (mar dy wienen op ien hân te tellen) en de leden fan oare (faak lytsere) tsjerken en fremdlingen. Yn 1580 hienen de Steaten fan Fryslân de earmesoarg tawezen oan it doarp sels. Hja krigen “fan it doarp” waard der dan sein. Foar de Reformaasje wie dat ek al sa. Der wienen meastentiids lân of fûnsen foar beskikber steld en de tsjerkfâden moasten ek yn dit gefal de earmensoarg útfiere. It wienen einliks tsjerkfâden mei in bysûndere opdracht. Yn BERLTSUM sil hjir dan ek wol (of net) in aparte administraasje west ha, want it wie net altyd like dúdlik hoe de soarch útfierd waard, en somtiden rûn de soarch fan de beide ynstansjes ek wol trochinoar. Mar soe it al sa west ha, de boeken binne der net mear. Yn minne jierren, de krisisjierren, gie it fakentiids min mei de lânbou en dus ek by alles wat dêr tabehearde. Foaral yn de hjerst en yn de winter hienen foaral de arbeiders dan gjin ynkomsten. Om foar wurk en ynkommen te soargjen binne hjir yn BERLTSUM, krekt as yn in protte oare doarpen, braakhokken delset. Op 9- 4 -1903 wie yn BERLTSUM (neist it mear A. R. gesinde “Patrimonium”) ek in ôfdieling fan it Kristlik Nasjonaal Wurkmansferbûn oprjochte mei as foarsitter dûmny Hendricus van Eyck van Heslinga. Oan de Mulseleane waarden yn 1904 tsien braakhokken delset, op it plak wêr ‘t no muzykkorps “Klimop” har gebou hat, yn de eardere beukerskoalle “Lyts Libben”. De grûn *) wie fan de Pastorije fan de Herfoarme tsjerke. Hjir waard it flaaks bewurke. Meastentiids waard it te bewurkjen materiaal oankocht troch de wurk-besoargjende ynstansjes. It wie net sûn wurk fanwege it stof. Letter wenne yn ien fan de (lêste oerbleaune) houten hokken de petroaljeferkeaper Anne (Oane) Weiland. It wie in âldfeint en hy wie gek mei ús as bern en wy dagen him faak út. Hy hat it hûs Buorren nû. 5 bouwe litten en dat hûs moast al gau wer ferkocht wurde omdat hy yn 1930 in healjier yn de finzenis bedarre. Lytse jonges wienen mei it ferhaal thúskommen dat Oane “molke joech”. Hy wenne letter op de Sybe-streek. Dan wie hjir noch de ”Moderne lânarbeidersbûn” wêrfan Wytse Joh. De Haan e.o. grutte foarfjochters wienen. Hjir yn BERLTSUM hat ek in flaaksfabryk west op de Pôlle mar dy is letter wer yn 1923 troch de Braaksma ’s (P. en M. Braaksma) ferkocht. Wy hellen letter it flaaks by it flaaksfabryk “De Vogel”(** (no fabryk “De Meubelhal”) oan de Langhústerwei 13 ûnder Sint Anne wei, om der op te kôgjen, dat it in propke waard om dêrmei sjitte te kinnen. Wy brûkten as ark in saneamde bos, in propkesjitter, in út it hout fan in fleerbeam makke holle houten buis. In dikke beamtûke waard útsnien en de pit dêrúthelle. In izeren stamper (stêfke) dêryn en klear wie Kees. Yn it Hollânsk waard dit in klapbus neamd. Dy dingen woenen goed knalle en de wiete kôgespuiprop (hjidde d. i. ôffal fan flaaks) koe hurd oankomme as immen rekke waard. Sa belibben jong en âld it bewurkjen fan it flaaks hjir tige ferskillend en op harren eigen manier. Neist it eardere hjir stien hawwende Earmhûs yn BERLTSUM (fan foar 1904), hat yn it ferline ek al in braakhok stien. Op 21- 1-1892 is it alhiel ôfbaarnd. De brânspuit wie it fjoer lokkich wol master wurden mar der wie neat meer fan it wurkplak oer. De oarsaak wie it omfallen fan in oaljelamp. (De pleats –melkerij- neist it flaaksfabryk wie ek fan de bruorren P. en M. Braaksma, letter bewenne toch de frijfeint Gerrit Jans Bosma.)
Fuotnoaten:
*) Troch de fúzje fan it Kristlik Nasjonaal Wurkmansbûn en de federaasje fan Herfoarme Manljus Ferienings wie yn 1947 in nije organisaasje ûntstien ûnder de namme “In dienst der Kerk”. Sa waard de Herfoarme Manljusferiening “Obadja” hjir eigner fan de braakhokken. (op A 3059) De opstallen binne yn 1961 ôfbrutsen en de Herfoarme manljusferiening hat by akte d. d. 28- 8-1961, ferline foar notaris. Dirk (Bernard ’s) Posthumus, ôfstân dien fan de opstalrjochten, fêstige sunt 12-11-1903.
(** Om 1938 hinne waard foar de wurkfersjenning in (waarmwetter) flaaksrotterij (it flaaks-fabryk) boud yn de Súdhoeke ûnder Sint Anne. De hearen J. L. Hoogland, bouboer op pleats “De Vogel” ûnder Sint Anne en L. Poppinga, Boargemaster fan It Bilt, kamen yn 1935 ta de konklúzje dat modernisearring fan de Fryske flaaksyndustry de mooglikheid iepenje soe om in protte manlju yn de gelegenheid te stellen om op in earlike en earfolle wize harren kost te fertsjinjen.
L. C. 10-9-1926
Op tiisdei 7 septimber waard op in beslút fan de Sintrale Kommisje foar wurkfoartsjinning, welke út en troch de rie fan Menameradiel gearstald wie, te BERLTSUM in demonstraasje hâlden fan it flechtsjen fan reidmatten. Men woe probearje dizze takke fan yndustry yn de gemeente yn te fieren. Dizze matten wienen nedich by it útoefenjen fan de glêstunbou. Sa hoechden dy matten net mear út Hollân wei ynfierd te wurden. Dizze nije takke fan arbeid koe wer oan in protte arbeiders wurk jaan wie de bedoeling. Hjir yn BERLTSUM waard in demonstraasje fan it flechtsjen fan reidmatten troch trije persoanen jûn ûnder lieding fan in fakkundige. Binnen de tiid fan 20 minuten wie in mattekant klear. Oanwêzich wienen de boargemaster, ferskate riedsleden, ûnderskate leden fan pleatslike kommisjes foar wurkferomming, bestjoerders fan de feiling-ferienings BERLTSUM en dy fan Stiens, de rykstúnboukonsulint en it haad fan de túnbouskoalle fan BERLTSUM.
L. C. 20-12-1926
........ ........ Besloten werd, gehoord de commissie voor de werkzaam verschaffing, om afwijzend te beschikken op het verzoek van den heer K. van der Duim e. a. te BERLIKUM om een renteloos voorschot uit de gemeentekas voor het rietmatvlechten, een afwachtende houding aan te nemen. ...... ......
Op 3 Jannewaris 1917 stie yn it FRYSK DEIBLÊD:
Dat op de jaarvergadering van “Patrimonium” te BERLIKUM acht referaten werden gehouden: A.(le) Strooisma: standen in ons verenigingsleven; P.(ieter) L.(eendert ’s) Runia: Ik de HEERE; C.(ornelis) K.(laze ’s) Runia: Oorlog; G.(errit) Reitsma: Tweeërlei stroming in de tijd; B. v. d. Kooi: Het openbaar gebed in gemengde vergaderingen; G.(erben) Siegersma: Volkenrecht; L. Th.(eunis) Runia: ‘s Mensen leven vergeleken bij een zeereis; D.(irk) Renzema: Coöperatie. De referaten werden afgewisseld door voordrachten. Mevrouw W. Ingwersen (de frou fan de Grifformearde dûmny Gesina Hendrika Ingwersen - Heijer) vergastte op haar solozang en meester (Jenne) de Haan (it haad fan ’e C. N. S. skoalle, yn de folkmûle de Grifformearde skoalle) sprak nog een treffend woord over Juliana van Stolberg. Het was een rijke agenda en allen keerden voldaan huiswaarts.
Op 2 Jannewaris 1918 stie yn deselde krante:
Dat de afdeling BERLIKUM van “Patrimonium” haar jaarvergadering heeft gehouden, waar de volgende referaten werd geleverd telkens met discussie: P.(ieter) Runia: Sociale Noden; C.(ornelis) K.(lazes) Runia: Vroeger en Nu; L.(eendert) Th.(eunis) Runia: De roeping eens Christens; G.(errit) Reitsma: Naast het Kruis de Rode Vaan; D.(irk) Renzema: Dienstweigering. Dit waren dus vijf referaten op één vergadering. Een feestelijke jaarvergadering nl.
DE EEMLANDER 3-4-1909 (pagina 2)
Jezus heeft zijn volgelingen gewaarschuwd voor den zuurdesem der Farizeeërs. Nog in onzen tijd vindt men onder Christenen den Farizeeschen geest. De Farizeeërs in de dagen van Jezus die ook alle aanraking met de heidenen schuwden, waren slaafs en kleingeestig in de opvolging der godsdienstige in zettingen. De Gereformeerden van onze tijd zijn al niet veel beter. In het Friesche dorp BERLIKUM is er onrust in de Gereformeerde gemoederen over de vraag of het bij de groenten- en vruchtencultuur onder glas geoorloofd is om ook Zondags de kassen te luchten en weer te dekken. De afdeling van den Christelijken Nationalen Werkverbond heeft dit werk eenstemmig BESLIST ONGEOORLOOFD verklaard. Ook de grote meerderheid van de afdeling van Patrimonium denkt er zo over. Maar de Christen tuinman weet dat de zon niet heeft zondagrust en er zoo op los kan gloeien, dat het teere goedje in de kassen verbrandt, als er niet gelucht wordt en daarom wordt er in het blad Patrimonium om raad gevraagd. Wij willen die graag geven, en hebben eene hartelijken raad. Laten de Christen tuinlieden HUN BOVENVERDIEPING eens luchten, dan trekken de DUFFE IDEEËN er uit, en komt het met hun kassen in orde.
(Der mocht op Snein (en op healdagen) net reizge wurde. De fiets mocht op Snein net brûkt wurde. Sporte en der op Snein nei sjen wie dwarsferkeard. Sneinsport stie dan ek net yn de Anti-Revolúsjonêre krante It Frysk Deiblêd. De Berltsumer merke (Kermis) mocht net besocht wurde. In iisko op Snein keapje en kafeebesite waard ek net tastien. It heucht my noch, dat men de measte étalaazjes op Snein ek net ynsjen koe omdat dan de rollûken del wienen. Dûnsjen wie “seksueel skeuveljen” waard der sein. Toanielspylje koe ek net mar résitearje mocht wol wer. It neiteam út dizze “swiere” kringen docht no oeral oan mei en it F. D. meldt no ek de sneinsport.)
PERU GUANO en CHILI SALPETER.
Puike gezuiverde Peru Guano súperphosphaat en Chili Salpeter uit de gunstig bekende fabriek van kunstmeststoffen van den heer M. H. Salomonson te Rotterdam te bekomen bij Schilthuis, Tigler Wijbrandi & Co. te Leeuwarden en bij hunne agenten, de Heeren ...... H. H. van der Meij te BERLIKUM. etc. ...... ......
(Chilisalpeter waard ek wol it “wite goud” neamd omdat de swiere klaai sa in boaiem waard foar sûkerbiten, nôt en jirpels. It krige dizze namme omdat de salpeter yn Chili dolven waard. It wie in delfstof. De fabrieken, wol sa ’n 200 dêr, wienen yn Ingelske hannen en de arbeiders makken lange dagen en it lean wie tige leech. Foar de arbeiders wie it dêr dan ek kleare earmoede. Hjir profitearren foaral de grutte boeren der fan. Foaral de Grinzer boeren binne hjir tige ryk troch wurden. Boppedat hoegde foar de grûnferbettering ek net mear strie troch de dong brûkt te wurden. Dizze strie koe no ferkocht wurde oan de striekartonfabrieken wat ek wer ekstra jild foar de boeren oplevere. Letter kaam de gemyske keunstdong hjirfoar yn it plak.)
L. C. 10-9-1971.
Meer dan 20 Friezen wacht ontslag in Amsterdam.
...............w. o. mensen uit Minnertsga, Tzummarum, Sint Jacobiparochie, BERLIKUM e. a. plaatsen. De (van af de Kop van de Afsluitdijk vaak samen) pendelende havenarbeiders zijn daar werkkrachten voor de Stichting Samenwerkende Havenbedrijven (S. H. B.). Twee/derde van de pendelende havenarbeiders is ongehuwd, maar de heer Harry (Horatius) (Jans) Postma uit BERLIKUM behoort sinds 2 maanden tot de gehuwden. Hij was maandagavond al weer thuis in BERLIKUM, want in de haven was toch “niks te beleven”. Vroeger, tot voor een jaar of drie, heeft hij gevaren en zijn vrouw (Tjitske Lautenbach) hoopt, dat hij zijn heil niet weer op zee zal zoeken, als hij in Amsterdam wordt ontslagen.
KONT WASKJE.
Bertus Postma (“Bertus boekbiner”), in destiids yn BERLTSUM wenjende âldfeint, mei syn mem ôfkomstich fan Ljouwert, mompele altyd in protte yn himsels. Sa siet hy ris op ’t húske boppe de tonne foar in “grutte boadskip”. Doe ’t hy syn “brún hûntsje” mei in plons yn ‘e tonne fesûpt hie begûn er wer te mompeljen. Dit hearden wy en dus gau waard it tonnedoarke iepen dien en mei in wiete feger waard troch ús syn gat skjinfege. Oft dit slagge is wit ik net, want wy wisten net hoe fluch wy fuortkomme moasten. Hy begûn te roppen en te razen dat it net moai mear wie.
BALKSTER COURANT. 28-10-2010.
WOUDSEND. - De politie heeft vorige week woensdag middag, bij een bedrijf aan de Vosseleane in Woudsend, geassisteerd bij een bedrijfsongeval. Daarbij raakte een 27 jarige inwoner van BERLIKUM gewond. De man raakte bekneld toen hij bezig was met werkzaamheden met een mal van een polyester boot.
(Is in soan fan Jan en Wietske van Assen fan de Twibak 19 út BERLTSUM.)
FERHALEN.
Der wurde grutte ferhalen ferteld. Wrâldskiednis, Fryske skiednis. Mar der binne ek ferhalen oer de lotgefallen fan ienfâldige minsken. Oer minsken mei harren lek en brek, oer moedige en mindermoedige minsken en oer meirinners. Elk minske hat syn ferhaal. Sa binne fakentiden de LYTSE ferhalen foar de measte minsken oansprekkender dan de GRUTTE ferhalen. Lytse ferhalen spylje harren ôf op de minsklike maat en yn eigen doarp. De ûnderfinings fan minsken binne werkenber en begryplik. Dochs spylje dy lytse ferhalen harren ek ôf yn de kaders fan de grutte ferhalen. Tink mar oan it ûntstean fan ús lân, de Reformaasje, de beide wrâldoarlogen. De grutte ferhalen binne yn essinsje èk fergruttings fan lytse barrens. Yn dit gearhingjen leit de krêft foar hjoed en yn de takomst. Troch it oproppen ta alertheid, ta wachens by betinkings e. d. wurde wy der hieltyd wer op wezen: Wat mis gien is yn de skiednis mei him net wer werhelje.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
“IK WOL NET HA DAT HY DÊR EFTER KOMT
Neist de túnkerijen hawwe wy hjir yn BERLTSUM ek in protte metaalferwurkjende bedriuwen.
Op ien fan dizze bedriuwen wurket Jelmer K. Bootsma hjir út de Túnboustrjitte.
Syn dêr ek wurkjende maat Sytse W. fan ‘e Lytse Buorren, like nijsgjirrich as altyd, freget him: “Wêrom nimsto nea fekânsje?”
“Ik gean echt net fuort” wie Jelmer syn antwurd.
“Wêrom net? Kin de baas dij net misse?” freget Sytse wer.
“Ja hear, maklik”, antwurdet Jelmer, “mar ik wol net ha dat hy dêr efter komt”.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------