BERLTSUM YN 2035.

(OER 25 JIER.)

Seagen wy hieltyd wêrom yn de tiid.

Wy wolle no foar de aardichheid ek ris in eintsje yn de tiid foarút sjen. Profetearje (foarsizze) betsjut oarspronklik: sprekke út namme fan in oar of foar in oar. Nee, ik doch it mar ris yn tinzen foar mysels. Albert Einstein sei sels: Mear dan it ferline, ynteressearret my de takomst want dêryn bin ik fan plan te libjen. Ik hoopje, sjoen myn âldens, hjir ek noch in skoftsje te bliuwen. De basis fan no leit yn it ferline, en dy fan hjoed, hoe it yn de takomst wêze sil. Wienen it yn eardere tiden hast allegearre lytse nearingdwaanden dy ’t bestean koenen op de lytse doarpen fan harren winkeltsje, túnkerij of fan hokker bedriuw(ke) dan ek. Hjoed kin dat al lang net mear. Alles moat no yn it grut. Grutte winkels mei alles deryn, fan grienten oant klean, fan kompjûters oant kuolkasten, alles yn ien grutte romme winkel te krijen mei grutte parkearromten dêr omhinne. Gjin nee te keap. Minsken wurde no sjoen as konsumint (nûmer) en kostenpost en net mear as klant.

Yn de soarch en sikehuzen giet it al krektsa. It geastlik libben en de psyche fan de pasjint en dejinge dy ’t fersoarge wurde moat docht der net mear ta. Hieltyd komme der wer oare minsken (helpferliners) en bining is der net sa bot mear mei de minsken dy ’t holpen wurde moatte. De minsken binne nûmers wurden.

Kassen fan Berltsum

De kassen binne hjoed de dei grutte mei glês oerdutsen fjilden wurden mei bytiden mar ien produksje artikel lykas tomaten, paprika ’s, komkommers ets. ets. Sa hat bgl. Aart Cornelissen (Laarheide B. V.) hjir in kassenkompleks stean fan 12 ha tomaten, 9 ha paprika’s, 1 ha Spaanske pipers en sûnt koart ek noch (nei tolve jier ûntwikkeljen) in heale hektare mei swiet griene paprika ’s. BERLTSUM is it molkfabryk kwytrekke. De grutte molkfabrieken binne no konsintrearre yn de grutte stêden. De Berltsumer ierapppel- en grientefeiling “De Afslag” is ferdwûn. De lytse ierapppel- en grientefeilings op de doarpen koenen net mear bestean. Inkelde grutten binne oerbleaun. It tele-feilen is mear en mear yn opkomst rekke en it telen op kontrakt. De kompjûter sil hieltyd mear it wurk fan de minsken oernimme. Op oar mêd is it ek sa gien mei de agentskippen, postkantoaren, banken, kantongerjochten doarwarderijen, fersekeringen, belestingkantoaren, wetterskippen en mear fan dit soarte fan ynstellings dy ’t hjir ek yn BERLTSUM west hawwe. Hjir is allinne noch in notariskantoar oerbleaun. Hoe lang noch? BERLTSUM is in forinsendoarp wurden.

De ferwachting is, dat yn de takomst de befolking yn Fryslân noch mear ôfnimme sil en dus wurde der minder huzen boud. Op it stuit stagnearret de wentebou troch de ekonnomyske krisis. Hjir soenen op de Pôlle (en it oanslútene feilingsterrein) fanôf 2008 sa ’n 210 wenten boud wurde mei as begjin in 80 wenten oan de nij oanleine strjitten de Snikke en de Pream. Mar it holde oant no ta mei in 4 wenten (op ‘e râne fan it bouterrein oan de Menamerfeart) wol op. It oantal ynwenners soe sa mei in 500 ynwenners tanimme moatte. De skoallen binne al konsintrearre yn ús gemeente mei neist in lokaal skoalbestjoer in boppeskoals bestjoer mei in boppeskoalse direkteur. Âlders kinne skoallen net mear bestjoere wurdt der sein. De hegere skoallen binne “studintefabriken” wurden mei op de yn wat gruttere doarpen bytiden noch in dependânse. BERLTSUM is sa de legere túnbouskoalle (it wie nei Paterswolde de 2e skoalle yn Nederlân!) kwytrekke en mei de Kristlike lânbouhúshâldskoalle hjir op “de Fûgelsang” is it al krekt sa gien. (Tusken twa heakjes: Ek op it mêd fan it lânbou ûnderwiis wie BERLTSUM mei Gytsjerk it earste plak yn Fryslân wêr ’t de “Fryske Mij fan Lânbou” yn 1912 mei de lânbou- húshâldkursussen begûn is!)

Op tsjerklik gebiet is ek in protte feroare. Tsjerklik leauwich wêze wie fanselssprekkend en nochal iens de noarm. Yn ‘e tiid fan de earste folkstelling rekkene frijwol eltsenien him ta in tsjerkegenoatskip. Yn Fryslân en it Grinzerlân waard yn 1879 foar it earst eat waarnommen wat wy no kenmerke as ûntsjerklikens. Yn de ôfrûne 50 jier is it byld kantele. Generaasjes hawwe harren losmakke fan de woartels. Tsjerken steane leech en frijwol alle fanselssprekkendheden fan it kristlike yn de maatskippij en polityk is ferdwûn. Tekens en symboalen fan leauwigens moatte safolle mooglik efter de foardoor bleauwe. De Minniste mienskip hjir (yn 1956 mei 150, yn 1983 mei 100 en yn 2006 mei 36 leden) is op stjerren nei dea. Sil de Minniste tsjerkemienskip mei in foargonger foar ien deidiel in tsjerke yn gebrûk hâlden bliuwe kinne mei sa ’n lyts protsje minsken? De yn oantal hieltyd lytser wurdende Herfoarme gemeente en Grifformearde tsjerke hjir, no yn federaasje en straks in P. K. N. gemeente mei in lytse 1100 leden (47 % fan de Berltsumers), sille yn 2010 op 19 septimber (nei in skieding fan 123 jier) fusearje, sa is de bedoeling, en dan wol mei twa dûmnys en twa tsjerkegebouwen en wat dêr mear ta beheard. “Wat in wielde dêr yn BERLTSUM”, soenen se op in protte oare doarpen sizze. De lanlike noarm is 1050 leden (belidene- en doopleden) foar 1 fte’er, dus 1 dûmny of tsjerklik wurker. Mar sil dit stânhâlde kinne yn ús doarp yn de takomst, mei it foarútsjoch fan in trochgeande sekularisaasje? (Tusken 1840/1850 sa ‘n 1100 leden. Yn 1860 wienen der 1790 leden, yn 1953 bgl. noch 1730 leden t. w. 800 Herfoarme (berte, doop en belidene) en 930 Grifformearde (doop en belidene *). It is no net allinne mear yn de grutte stêden, mar ek op de doarpen dat de sekularisaasje plak fynt. It oantal tsjerkegongers (no noch sa ’n 150 à 170, de measten boppe de 50 jier) sil yn 2020 nei ferwachting mei rom 40 % ôfnommen wêze. Roomske Berltsumers sitte al yn sa ’n gearwurkingsfebân. (Harns, Frjentsjer, Dronryp en Sint Anne mei mar ien pastoar, t. w. pastoar Marco Conijn, ûnder de namme “Eén in vieren”.)

Ik tink dat it krekt sa gean sil as mei de lytse bedriuwen, winkels en skoallen. It wurdt in gearwurkjen, konsintrearjen en fusearjen yn de takomst! (Lanlik is noch mar sa ’n 12 % lid fan de P. K. N. tsjerke wêrfan 60 % boppe de 40 jier is.) Menaam, Dronryp, Skingen en Slappeterp bgl. mei ien dûmny? BERLTSUM mei Rie, Boer en Doanjum; Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marsum; Deinum, Blessum en Boksum krektsa mei bygelyks ien dûmny mei as needsaaklik is de assistinsje fan ien of twa tsjerklike (mei)wurkers? In dûmnyspool soe ek kinne, of in gearwurkjen as team fan foargongers dy ’t meardere gemeenten tsjinje. It bliuwt kofjedik sjen. Ien ding is wis, der is de lêste tiid in soad feroare en der sil ek in protte feroarje de kommende tiid. BERLTSUM sil wol meigean moatte dy ûnwisse takomst yn, as men hjir no wol as net. Sneins besykje hjir yn trochsnee no noch sa ‘n 170 persoanen de tsjerketsjinst. Oer tsien jier sille, sa is de ferwachting, dat noch sa ‘n 100 tsjerkegongers wêze. (De dan wierskynlik net mear troch de minnisten brûkt wurdende Minniste tsjerke soe dan dit groepke tsjerkegongers moai hâlde kinne.) In stjerrende tsjerke is in tsjerkemienskip fan leauwigen dy it wol leauwe. De measte tritigers yn Nederlân ûnderfine gjin bân mear mei in tsjerke. As der al in bân is, is dat fakentiden in relaasje mei ups en downs: somtiden foar even belutsen, en hieltyd minder foar it libben. De tsjerke fan de takomst bestiet net út leden, mar út gearkomsten. Dit soarte fan gearkomsten kinne in lange libbensdoer hawwe, of in koarte, dielnimmers kinne in trouwe groep foarmje of bestean út passanten. In protte minsken binnen en bûten de tsjerke binne harren de “kultuerbreuk” net bewust, wat bytiden oanlieding jout ta kommunikaasjesteurings, frustraasjes en yrritaasjes. It wurdt in ynspyljen op de omstannichheden en de gelegenheden dy ‘t ús te wachtsjen steane en dy ’t ús doarp miskien ek nije kânsen jout. Ik tink dan bgl. fierders oan de fyts- en klaai–farrûte mei de yn ús doarp besjenwurdige dingen en mei wat rekreaasje dêromhinne. In tee- en boarterstún, mei in sûvenirwinkeltsje ca. earne yn in moai parkje oan de Ljouwerterfeart of oan it Berltsumer Wiid by it molehúske. In bytsje propaganda fia it ynternet mei filmkes en mei wat doarpsfolders soe fansels ek net ferkeard wêze. Dy mooglikheden binne der no. “BERLIKUM all over the world”. BERLTSUM alhiel oer de wrâld.


IDENTITEIT, WEARDEN en TRADYSJES

Yn feite is de Bibel in samling fan religieuze ynterpretaasjes fan blide en traumatyske ûnderfinings fan minsken yn tige ferskate tiden. Dêryn fertelle se hoe’t God ta harren spriek. It is in minsklik boek ryk oan ûnderfinings.

Krije ús bern hjir yn BERLTSUM ús identiteit, wearden en tradysjes noch wol mei? Binne wy ús bewust fan ús eigen identiteit, tradysjes en kulturele wearden?

Dizze sille earst en foaral mei klam oerbrocht wurde moatte.

In protte âlders steane mei de mûle fol tosken as bern freegje wat foar feest Pinkster en Himelfeart is. Kryst en Peaske binne wat bekender al is dat ek net folle mear.

Nochris, drage wy ús kultuer, dy’t woartele is yn de Joadsk-Kristlike tradysje, noch wol oer? Steane wy, as wy tsjerken en tentoanstellings besykje, eigenlik net mei de mûle fol tosken omdat wy de ferhalen net mear kenne? Wy wurde frjemdlingen yn eigen omkriten.

Hoe sjocht ús identiteit der op dit moment eigentliks út? Neffens de Dikke van Dale: ienheid fan wêzen, kenmerk fan in persoan of groep.

Wat binne de kenmerken fan ús maatskippij? Frede, gerjochtichheid en humaniteit.

Mar dy begrippen komme earne wei. Dy binne woartele yn de Joadsk-Kristlike tradysje.

In protte minsken wolle net mear behearre by de grutte massa dy’t sneins nei tsjerke geane. Wy libje yndividueel. De sosjale media regearje ús hedonistysk bestean. Sa’t Islamisten grutsk binne op de ferhalen út de Koran, binne wy net grutsk op de ferhalen út de Bibel. Wy koppelje dy nammentlik oan in bestean fan God as in Wêzen earne. En dit kinne wy net mear leauwe.

Mar dêrmei smite wy ek de ferhalen fuort en wy leare de djippere betsjutting fan dy ferhalen ek net mear kennen.

Ek ús mearkes, myten en sagen drage by oan ús kulturele identiteit en hjir giet it altiten om in botsing tusken goed en kwea. Sint Maarten wurdt fiert omdat dizze hillige opkaam foar de earmen. Sinterklaas wurdt fiert omdat hy in bernefreon wie en omdat hy it opnaam foar frjemdlingen en sa binne der noch in protte hilligen op te neamen.

Noch in fraach oan de ynwenners fan BERLTSUM en WIER.

WAT DOGGE WY OAN ÚS FRYSKE IDENTITEIT?

*) fuotnoat:

Yn 1960 wienen yn BERLTSUM fan de bewenners sa ’n 33 % lid fan ‘e Herfoarme tsjerke, sa ’n 37 % fan ‘e Grifformearde tsjerke, sa ’n 10 % fan in oare tsjerklike gesindte (meast Doopsgesind) en sa ’n 20 % net-tsjerklik. Yn WIER wie sa ’n 55 % lid fan ‘e Herfoarme tsjerke en sa ’n 42 % net tsjerklik. De Grifformearde tsjerken kenden gjin berteleden lykas de Herfoarme tsjerke.

“BERLTSUM is SELDSUM, as jimme kinne, dan dêr hinne,” is miskien wol in moaie slogan.


As it wier is, dat Berltsumers profitearje fan harren yn it ferline begeane fouten, wat geane wy dan as Berltsumers in grutte takomst temjitte.

Wa wit, de tiid sil it leare.

*******************

HYMNE OAN BERLTSUM.

Dêr’t foarhinne oan sâlte weagen

‘t Wiid-forneamde ÚTGONG lei,

Dêr’t de Noarman moarde en rôve,

Hwer’t in stedsje kwynde wei;

Fynt men nou in freeds’me mienskip;

Warbre bouwers fan de groun,

Trou foriene yn har strjibjen, (twaris)

Mei harr’n feiling, mei harr’n Boun.

Romje ‘t âld túnboudoarp BERLTSUM,

Romje Earstling, Bintsjes ek,

Wrâldforneamde Berlts’mer woartels

En’t bikende Berlts’mer spek.

Wol de koalfrucht net forjitte,

Teelt fan kas of frije natuer:

Drúven, parren en komkommers – (twaris)

Heech stiet BERLTSUM’s glêskultuer!

Tankber wolle wy ek betinke,

Hoe ’t ús foarfaers bodde ha,

Hwat hja mei har swit biskrepten,

Foel harr’n bern as rykdom ta,

Earje wy dy krigele wrotters,

Great yn’t dwaen en great yn trou,

Harr’n ta eare klink’ ús feestliet (twaris)

Oer ús túnen, oer ús bou.

Lit ús hoopje op ljochte tiden!

Och, wy minsken witte net,

Of’t wy fleurje sille of sinke,

Hwat de takomst hâld yn’t fet,

Lit ús altyd goed bitinke,

Dêr is Ien, dy hâldt it stjûr,

Jow’wy him ús lot yn hannen, (twaris)

Dan rint it ús net út it roer!

(Fjouwer fan de fiif fersen, songen by it 50 jirrich bestean fan de Berltsumer feiling. )

************************************

“Wa’t tefolle stil stiet by it ferline ferliest ien each. Wa’t gjin oandacht hat foar it ferline, ferliest beide eagen.”

(Russysk sprekwurd.)

LITERATUER EK NIJSKJIRRICH OM TE LÊZEN:

1896-1996 Een eeuw; de geschiedenis van het fanfarekorps “Klimop” te BERLIKUM. troch Minne Ruurds Braaksma.

Verhalen van lang geleden; opgetekend uit de dossiers van het Hof van Friesland, ds. Pielat van BERLIKUM in conflict met de sociniaan Marten Jacobs. troch Han Hietkamp. (2000)

Programmaboekje voor de vergadering op 28-2-1906 Rederijkerskamer “De Vriendenkring”, 1906 te BERLIKUM. ( 8 siden)

Een onbekend kunstwerk van Vincent Lucas; de grafzerk van Tierck van Heerma te BERLIKUM blootgelegd. troch A. L. Heerma. (1937, 7 siden)

Een torenklok van Jurjen Balthasar, vroeger te BERLIKUM (Fr.), thans te Mannheim. troch P. C. J. A.Boeles. (1911) Widdo Elske Folraets troude yn 1671 mei de Ljouwerter klokkejitter Overneij.

Reis van twee burgers na – en van de Kiesersvergadering tot BERLIKUM (Fr.) op Vrijdag den 1 April 1796. (1796, 8 siden)

De nakomelingen van Theunis Jansen (Runia) en N. N. te BERLIKUM. troch Pieter Born. (1999, 15 siden.)

Stichtingsoorkonde voor het huis van de Broeders van het Gemene Leven te BERLIKUM (Fr.) 1483. troch M. P. van Buijtenen (1979) Útjouwer: Brill te Leien.

Kerkepad in 1985. N. C. R. V.

De Berltsumer stjerrekieker(s); spanning tusken witten en leauwen. Arend Douma (2007, 52 siden.)

TRESOAR.

Yn de kaartensamling fan TRESOAR is in protte werom te finen oer de situaasje fan de gebouwen en de omkriten fan BERLTSUM. In pear foarbylden: In plattegrûn fan de tsjerke fan BERLTSUM 33.3 x 25.2 cm. út it Schwartzenberg argyf. In tekening fan in muorre en in pylderrige fan de bou fan de Koepeltsjerke fan BERLTSUM út itselde argyf. In kaart fan perselen lân ûnder BERLTSUM mei opjefte fan nammen en brûkers fan dizze perselen. In beskriuwing fan it gebiet lizzende tusken Minnertsgea en BERLTSUM, swettend oan de Âlde Mar, mei opjefte fan nammen fan de perseelseigners. (d.d. 1753, tekene troch Rinse Pytters) Fan de pleatsen bgl. de pleats “De Hûndert” mei de oanswettende lannen ten S. W. fan BERLTSUM. Mar ek bgl. in tekening fan in Hynstetram, dy’t bestimd wie foar de tramline tusken Sint Anne en BERLTSUM. In ûntwerp tekening fan de doe te bouwen nije iepenbiere skoalle oan de Achteromdyk te BERLTSUM yn 1909. Fan it bepúnjen en begrintsjen fan de diken om en troch BERLTSUM hinne binne dêr de kaarten datearre d.d. 1853 mar ek út de earste helte fan de njoggentjende ieu en gean sa mar troch. Yn it gemeente argyf fan Menaam is ek in protte werom te finen oer de ynwenners, harren berop en besittings. De Hemmemawei (de Zuiderweg) tusken Sint Anne en BERLTSUM is pas yn 1884 begrinte.

Toets ek ris yn op GOOGLE op: Graftombe BERLIKUM, Historische kranten, De krant van toen of op BERLIKUM-emigranten. Sa is somtiden noch folle mear út it ferline te finen.

FOAR IT FINEN FAN IN TREFWURD OF IN NAMME:

Toets de Ctrl toets plus de F toets tagelyk yn, dan ferskint yn it skerm in hokje: “zoeken naar” en dan bygelyks yntikje: BERLTSUM, BERLIKUM, BELKUM, BELCUM, BELLECOM, BELCOM, ‘t UITKOM, T’UITGUM, UITGONG, ÚTGONG, CIVITAS EXIËNSIS, TERMINUS MEDITERRANEÏ etc. Mulseleane, Pytter/Pieter’s/Pieters, Jan’s/Jans, Voorstelaan, Achteromdyk/dijk, Achterwei/weg, Hôfsleane, Kerkepad, Buurt, Buorren, Lutjebuert, Lytsebuorren etc. strjitte, straat, Buorren, Buurt, fjouwer, vier, tsjerke, kerk, mennist, minnist, doopsgesind, doopsgezind, Hulshuis, Hulshuys, Lautenbach, Lautenbag, Wietse, Wytse, Wijtze, jirpel, ierappel of wat jo dan ek mar sykje wolle.

Troch op de “heading” fan in artikel te drukken is yn it argyf fan de L. C. dit artikel werom te lêzen. Of op GOOGLE: DE KRANT VAN TOEN, it argyf fan de Ljouwerter Krante.

(Somtiden mei in foto of meardere foto ‘s.)

Op GOOGLE kin men natuerlik ek in protte nijsgjirrichheden oer BERLTSUM te witten komme.

It is fan dit en dat en fan alles wat sûnder folsleinens.

Krekt as yn de kranten mei “leaders” (krantekoppen) en “van de hak op de tak springen,” of op syn Frysk sein: “fan koarstekoeke nei jenever rinne”.

Dan wer ris fier yn it ferline, dan wer ris wat neieroan yn de tiid.

Dus net yn tiid folgoarder. En ferskate ûnderwerpen.

Âlde advertinsjes om sjen te litten hoe ’t de redaksjes eartiids yn de kranten kamen.

Foto’s binne te sjen op WWW. BERLTSUM. WEBKLIK. NL, út de L. C. en út in protte oare blêden en tydskriften. Filmkes op GOOGLE. Sels ha ik films en fideofilms makke fan û. o. it delheljen fan de súvelfabrykspiip, de fernijing fan de Buorren, de iepening fan skoalle “De Fûgelsang”, it lêzen troch de bern yn skoalle “De Fûgelsang”, fan doarpsfeesten, drumband “de Bazuin”, de lantearne yn 2000 fan de Koepeltsjerke ôfhelle, N. C. R. V. ‘s “Tsjerkepaad”, etc. ... etc. ... (sjoch by VIMEO.)

Fergrutsjen/ ferlytsjen fan de tekst en foto‘s: toets CTRL yndrukke en op it boppeste rôltsje fan de mûs draaije. De foto ‘s wurde dan fakentiden dúdliker en de tekst is by it grutter wurden ek better te lêzen foar in protte minsken.

J.(ansen) ( ------ ------ ) De haadletters en oanfollings fan persoanen of rigels troch mysels oanfold.

Dit is wat men neame kin de “grûntekst” fan “Oh, dy Berltsumers”! Yn de oare eardere ferzjes sitte noch taalfouten en typflaters ferburgen en binne noch ferkoarte.

In protte boarnen wurde net troch my neamd, omdat ik dy destiids net opskreaun ha, omreden dat ik nea fan doel wie om al dy samlingen nochris yn in e-book op te skriuwen, ik samle alles allinne út eigen nijsgjirrigens en wie net fan doel alles nochris werom te finen.

VOOR DE NIET FRIESTALIGEN

VOOR NIET FRIESTALIGEN is er OERSETHELP.NL (vertaalhulp) welke u snel en gratis helpt een tekst uit het Fries in het Hollands te vertalen. Plaats het woord of de zin in het venster, kies voor vertalen van het Fries in het Hollands (of andersom) en druk op de knop.

Vanaf 2 februari 2015 gaat de website Taalweb Frysk online. Op de site staan de nieuwste versie van de Staveringshifker (spellingcheck), de Foarkarswurdlist (voorkeursvormen voor de Friese spelling), de Oersetter (waarmee Friese teksten naar het Hollands worden vertaald en anders- om), het Wurdboekportaal (waarmee in vier Friese woordenboeken tegelijk wordt gezocht) en de Paadwizer Fryske stavering (handleiding voor de Friese spellingregels). De site heeft overi- gens een Friese extensie. In plaats van .nl achter het webadres staat er .frl achter (www.taal web.frl).