De Herfoarme tsjerke wie fan âlds al eigner fan de pleats.
Om 1760 hinne is it hûs en de skuorre alhiel op ‘en nij opboud. Johannes Dirks (De soan fan de ferstoarne hierder yn 1757 Dirk Johannes (Kuik?) wie de ôfgeande hierder fan de ferfallen (bou)pleats en Wytse Minnes wie him opfolge as hierder. Yn Harns waard it hout ta de opbou kocht by de Harnser houtkeaper Gerryt Sybrants. It jild wat dêr foar nedich wie is liend by de (ryke en begoedige) yn Ljouwert wenjende widdo Catz. De Berltsumers Taeke Clases, mr. timmerman en Boate Bartels (Klok), mr. glêzemakker (en ferver), hienen it wurk oannommen en D. van Wi(g)cheren. mr. smid levere it izerwurk en noch in pear oaren wer oar materiaal. De arbeiders waarden no en dan fan bier fersjoen, wat helle waard by Ysbrand Lammerts, mr. brouwer te BERLTSUM oan de Brouwerssteech (no “it Piipskoft”). It earmejild foar ¼ ton bier wie 6 stoeren. Houke Feddes (Hager, soan fan de skipper op Boalsert Houke Feddes en Trijntje Meinderts), de Ljouwerter skipper (en hy wie ek doarpstsjinner), hie de materialen, lykas semint en oare nedichheden ophelle. Om fanút BERLTSUM by de pleats kommen te kinnen moast men oer in heechhout oer de Ljouwerter- of Menamerfeart en dan de Tichelersdyk en Anskereed lâns. De tsjerke hat dan ek altyd foar 1/5de oan it ûnderhâld fan dit heechhout meibetelle. Dit is op it plak wêr ’t no de brêge oer de Ljouwerter- of Menamerfeart leit. (Dit wie foarhinne “het VOETpad naar ’t Clooster over de vaart” op de kaart fan Schotanus út 1664 noch oanjûn as in tille) It heechhout is yn 1770 alhiel fernijd. De RIIDwei foar reau en wein gie oer de Ljouwerter- of Menamerfeart fia de stiennen tsjerke- of tichelers piip nei it Kleaster. Yn 1777 is de pleats ferkocht, by in feiling dy ’t holden waard by kastlein N. Sjoek, it “s’- Heeren Logemint“ neamd, te Frjentsjer, foar de keapsom fan 12.144 car. gûnen en 4 stoeren. (it Sjûklân) Cornelis Braak (* út Baard is doe de eigner wurden fan de pleats en Cornelis Ruurds wie op dat stuit de hierder. De keapsom is brûkt foar de bou fan de nije Koepeltsjerke dy ’t 38.639 Caroli gûnen koste hat. Yn 1786 biedt Cornelis Braak de boupleats, grut 72 p.m., op ‘en nij te hier oan. Brûker is dan in Pytter Johannes. Cornelis Braak hie de pleats kocht foar jildbelizzing. Yn 1791 stiet de pleats wer te keap mei dan as hierder in sekere Willem Willems. Yn 1832 wienen de widdo fan Ynte Ruurds van Donia t. w. Dirkje Jans Boonstra & cons. de eigners fan dizze pleats. Ynte Ruurd Aukes van Donia wied berne op 18-1-1781 te Menaam en ferstoarn te BERLTSUM op 19-12-1822. Yn 1891 wie Anske G. Boomsma de hierder fan de pleats. De pleats is yn jannewaris 1961 ek alris in kear ôfbaarnd doe ’t Jan Bauke Lammerts Lettinga op de pleats siet en is doe wer alhiel op ‘en nij opboud en is letter ek nochris fergrutte. Hjir hawwe û. o. op dizze pleats boer west in Klaas J. van den Akker, (K. J. van den Akkerstrjitte) in Bauke en in Jan Baukes Lettinga, (Jan en Tine) in Jitze Tjepke’s Smits (Jitse en Annie) no wenjend oan de Hemmemawei húsnûmer 3, in Sjoerd Reitsma (Sjoerd en Tineke no wenjend oan de Moddergatsreed húsnûmer 1a ) en as lêste wennet hjir no op de pleats Anskereed húsnûmer 2, syn soan Dirk Sjoerd’s Reitsma. (Dick en Franciska.) Op de eardere boupleats wurdt no in feehâlderij útoefene.
Dr. J. Mebius, Secretaris van MENALDUMADEEL, praesenteert publyk en voorts by Decreet van den Hove van Friesland te Verkoopen:
I mo. (primo.)
Zeekere heerlijke stemdragende Zathe en Landen behoorende aan de KERK van BERLIKUM en aldaar gelegen, met dezefde geheel nieuwe gebouwde Huizinge, schuur, hovinge cum annexis groot 69 pondemate, belast met 15 Floreen, waar op per Pondemate geboden is 105 g. gls 7 strs.
II do. (secundo.)
Een uitmuntend Terpland, zeer geschikt tot Hofkerije, gelegen aan voorschrevene Dorpe, bezwaard met 1 Floreen, waar op geboden is 450 g. gls 25 strs.
III io. (tertio.)
Twee Pondemate Bouwland aan de Franeker Dyk belast met 1 Floreen 2 strs. 3 penningen, tot Guardeniersland gebruikt, waar op geboden is 211 g. gls 14 strs. Wie hier aan gadinge heeft, kome op Donderdag den 29sten April 1777 by de tweede Zitdag te één ure na Noen, ten huize van N. Sjoek, Castelein in ‘s-Heeren Logement te Franeker. (Op ’e hoeke Sjaerdemaststr./Voorstr.)
(Hoe ’t de tsjerke oan de pleats kommen is, is net mear nei te gean. Iksels tink dat de pleats wol ris út it kleasterbesit fan Lidlum komme kin, want dêr om de Anskereed hinne hie dit kleaster destiids ek in protte lân lizzen. No is dêr yn Frjentsjer noch it saneamde “Sjoeklân” dat wol sizze, it lân by de eardere kastlein Nicolaas Sjoek lizzende, wêr ’t de P. C. it keatsen plak fine lit.) De Frjentsjerters neamden it ek wol (ferbastere) it “Sûkerlân”, sa is my troch de âld–skoalmaster en haad fan de C. N. S. skoalle (1961-1985) en âld-Frjentsjerter, master Floris Visser, oerlevere. It “Sjoeklân” waard earder “it Sternse Slotlân” neamd nei Carel van Sternsee dy’t troch syn houlik mei Luts Minnesdr. van Cammingha eigner wurden wie fan it Sjaerdema Slot te Frjentsjer. It pear hie gjin bern. De Sternsee sibbe komt út Dútslân en wie fan hege adel. It Sjaerdemaslot is yn 1700 ôfbrutsen.)
Fuotnoat:
(* Cornelis Braak, boer te Baard is de soan fan Augustus Braak en Foekje van der Sluys fan Arum. Foekje is de dochter fan Feddeus van der Sluys en Beitske Pieters Metz. Feddeus van der Sluys wie fan 1709 oant 1736 siktaris fn Hinnaarderadiel en dêrneist wie hy notaris en heareboer. Hy wie ek de eigner fan Great- en Lyts Stapert yn de Súdhoeke ûnder Wommels. In dochter fan Cornelis Braak t. w. Foekje, wie op 10- 4-1803 troud mei de sirurgyn fan Baard, in sekere Addiko Johannes Blom. Yn 1756 wie der yn Frjentsjer ek in kastlein Aldric Sjoek yn “ ‘t Groot ‘s Heeren Logemint” te Frjentsjer. Dit soe de heit wêze kinne fan de boppeneamde N.(icolaas) Sjoek, troud mei Maria Dorree (Doree), ek fan it “s’ Heeren Logemint”, of is it in oar famyljelid? Nicolaas en Maria binne beide fan Frjentsjer ôfkomstich.
L. C. 14-6-1777.
Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Dingsdag den 17 Juny 1777 ‘s namiddags te 3 uur praecys op de Grietenye Rechtskamer tot Menaldum by de brandende Keerse en daarna bij ’t ligten des Zegels uit den Wasse en alzoo by Decreet van den Hove van Friesland verkopen:
I. Zeekeren Heerlyke Stemdragende Zathe en Landen, behoorende aan de Kerk van BERLIKUM en aldaar gelegen, met deszelfs geheel nieuw gebouwde Huzinge, Schuur, Hovinge cum annexis, groot 69 Pondemate, belast met 15 Floreen. Waar op by Proevelkoop per Pondemate geboden is 110 g. gls. 7 strs.
II. Een pondemaat uitmuntend Terpland, zeer geschikt tot Hofkerije, mede aldaar gelegen, bezwaard met een ½ Floreen, waar op by Proevelkoop per Pondemate geboden is 450 g. gls. 2 strs.
III. Twee Pondemate Bouwland aan de Franequer Dyk, belast met een ½ Floreen 2 strs en 3 penn. tot Guardeniers land genoeglyk kunnende gebruikt worden, waar op by Proevelkoop geboden is 241 g. gls. 14 stuivers. Breeder by Biljetten.
Sjoch ek film: "1955 Helikopter bij landbouwbedrijf Lettinga op bezoek"
(Is no de pleats fan boer Reitsma, earder Jitse Smits. In protte minsken hienen noch nea sa'n ding yn it echt sjoen)
L. C. 31-8-1985.
(foto: Master Floris Visser en syn frou Joukje Kuipers yn ‘e iepen auto troch it doarp.)