Semester 1:
By dit semester haw ik op ferskate wize wurke oan myn Frysk.
Om te begjinnen haw ik de normale kolleezjes bywenne en de kolleezjes foar it Afuk eksamen. Binnen dizze kolleezjes kamen der ferskate punten oan de oarder. Dit gie benammen oer de grammatika, betsjuttings en it korrekt skriuwen fan wurden en sinnen. Oan it begjin fan it jier rekke yn ynteressearre yn de Fryske taal. Ik hie net ferwachte dat ik de teory, yn myn eagen goed, begriep. Ik koe de lessen goed folgje en koe dit op in goede wize tapasse by de opdrachten binnen de kolleezjes. Lykwols ferlear ik nei in tiid myn oandacht foar it Frysk. Dit is kaam troch persoanlike problemen. Mar ek de dreechheidsgraad gie omheech. Dêrtroch koe ik myn oandacht net mear by de online kolleezjes Frysk hâlde.
Ek haw ik my ferbetteret yn it Frysk troch de boeken dy 't ik lêzen haw foar dit dossier. Dêrtroch is myn wurdskat grutten wurden en haw ik yn 'e kunde komme kinnen mei ferskillende wurden.
Ik haw ek lessen jûn yn myn staazjeklasse. Wat ik earder al beneamde is dat de bern gjin Frysk binne. Ik ha hjir goed nei sjen moatten. Om dizze reden haw ik gjin differinsjaasje tapast. Dit wie in ôfspraak dy 't ik mei myn begeliedster makke haw.
Myn leardoelen foar it folgjende semester binne:
• Oefenje yn it skriuwen
• Tapassen fan teory yn de boeken foar it Afuk eksamen
• Oefenen mei it learen praten
Semester 2:
Weromkommend op myn doelen dy 't ik beskreau yn it stikje dêrfoar. As aller earst haw ik yn de kolleezjes en de reader oefene mei it skriuwen fan de wurden. Hoe skriuw ik de wurden, ha ik foaral leard yn de kolleezjes. Alle wiken hiene wy in diktee dêr 't dit stimulearre waard. Ek by it meitsjen fan de opdrachten yn de reader kaam de stavering fan de wurden nei foaren.
Ek woe ik de teory te learen mei as doel it learen foar de afuk toets. By de kolleezjes hat Sieta in soad ferskillende teoretyske saken oan 'e oarder komme litten. In foarbyld dêrfan is it learen fan de wurdfolchoarder. Dat prinsipe begryp ik. Ik fyn it soms dreech om it net letterlik oer te setten. Yn guon gefallen moatte je in sin hielendal feroarje. Hjir moat ik oan wurkjen gean troch it oefenjen te bliuwen.
As lêste learpunt beskreau ik it oefenjen mei praten. Dit haw ik oefenje kinnen troch middel fan myn lessen. Ek haw ik út en troch Frysk praat mei in freon fan my. In echte Fries yn ieren en sinen. Yn it begjin fûn ik dit hiel lestich, mar ik kaam der al gau efter dat je je Frysk hjirtroch ûntwikkelje en de drompel foar it Frysk prate leger wurde. Ik hoopje dat dit helpe bliuwe kin. En myn wurdskat hjir úteinlik troch fergrutte wurdt.
Ik haw ek yn 'e kunde komme kinnen mei ûnderskate lesideeen. Ik bin sels tige entûsjast oer it brûken fan de ynteraktive praatplaten. Yn de ûnderbou is dit in goede wize om de Fryske taal te oefenjen. Hja fergrutsje dêrtroch harren wurdskat en de betsjutting fan 'e wurden.