Geschiedenis

Bauke (1955) en Greetje de Groot (1959) binne broer en suster en binne yn it âlderlik hus yn Baard ûnder de ôfwask begongen mei tegearre te sjongen. Nei harren earste optreden op in talintejacht, dy't wûn waar, folgen mear talintejachten, Fryske Festivals yn Easterein, Tsjoch-festivals, in earste betelle optreden esfh. Justjes letter folge de RONO en de earste nûmers dy't op in sammel-lp kamen.

De tekst en muzyk fan de ferskes wurde fan it begjin ôf oan skreaun troch Bauke. Ut de begjintiid is foaral "Keatse is moai wurk" in nûmer wat noch geregeld draaid wurdt en fan wat letter yn'e tiid is "Alwer in Fries", wat wol beskôge wurde kin as harren "hit". Elk jier komt it wer foarby yn'e Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. De lettere ferskes binne hieltyd mear harksankjes wurden. Ek no ha se sels foaral dy ferskes it leafst; ferskes as "Noch eefkes" fan harren cd "Wier".

Hichtepunten wienen guon optredens en de lp's en cd. En optredens dêr't bygelyks net of hast net lústere waar wienen djiptepunten.

Troch de jierren hinne hat bynammen it Tsjoch-festival tsjinne as in soart fan "muzikaal geweten"; hast altyd wie dit wer it earste optreden nei in rêstich simmerskoft; in momint om stil te stean by "wat wolle we", wêrby't it soms wol'ris sykjen wie om in lykwicht te finen tusken wat Bauke woe (de serieuzere kant) en wat - neffens Greetje - it publyk woe.

Op dit stuit trede se allinne noch op op in inkeld kofjekonsert.

"As ien fan jo ferskes yn it Grunnings oerset is en der in hin ferneamd wurdt nei in ferske (Loltsje) dan ha jo doch aardich wat berikt!"

Bauke (1955) en Greetje de Groot (1959) zijn broer en zus en zijn in het ouderlijk huis aan de afwas begonnen met samen te zingen. Na het eerste gezamenlijk optreden op een talentenjacht, die werd gewonnen, volgden meer talentenjachten, Fryske Festivals in Easterein, Tsjochfestivals, een eerste betaalde optreden etc. Iets later volgde de RONO en de eerste nummers die op een verzamel-lp verschenen.

De tekst en muziek van de liedjes werden vanaf het begin steeds geschreven door Bauke. Uit de begintijd is vooral “Keatse is moai wurk” een nog geregeld gedraaid nummer en van iets latere datum is het nummer “Alwer in Fries” wat als hun “hit” beschouwd kan worden. Ieder jaar komt het weer voorbij in de Fryske Top 100 van Omrop Fryslân. De latere liedjes werden steeds meer luisterliedjes. Ook nu hebben vooral die liedjes hun eigen voorkeur, zoals “Noch Eefkes” van hun cd “Wier”.

Hoogtepunten waren sommige optredens en de lp’s en hun cd. En optredens waar bijv. niet of nauwelijks werd geluisterd waren dieptepunten.

Door de jaren heen heeft m.n. het Tsjoch-festival gediend als een soort “muzikaal geweten”; bijna altijd was dit weer het eerste optreden na een rustige zomerperiode; een moment om stil te staan bij “wat willen we”, waarbij het soms wel eens zoeken was om een evenwicht te vinden tussen wat Bauke wou (de serieuzere kant) en wat – volgens Greetje – het publiek wou.

Op dit moment treden ze alleen nog op op een enkel koffieconcert.

“Als één van je liedjes in het Grunnings is vertaald en er een kip wordt vernoemd naar een liedje (Loltsje) dan heb je toch aardig wat bereikt!”