It
Con Amore Krystwinskliet 2020
(melodie: Once in royal David's city)
Yn
it jier twa tûzentweintich,
Kaam
Corona op ús paad.
Ek
al hiene we in protte sinne,
't
firus brocht in protte skaad.
Men
waard siik, krig' lêst fan longen,
Dy
bin just bedoeld om mei te sjongen.
Doe
yniens, 't wie healwei maart,
Hail, Glad-ning Light wie fan 'e
kaart.
Repetearj'
op tongersdei tejûn,
Wie
no ek foar ús ferdwûn.
Germ
siet thús te komponearen,
Hearde
wylst ús sjongen yn de earen.
Wy
woll' graach dit lietsje foar jim sjonge
As
de ingels, bûtendoar,
Net
mei 't hiele Con Amore,
Mar
mei dit kwartettenkoar.
Bliuw
goed sûn, dat binn' ús winsken.
Freed'
op ierde foar alle minsken.
Hooplik
kinne we gau wer sjonge,
Mei
frisse moed en skjinne longen.