Mariska Velstra
Ik bin Mariska Velstra, hikke en tein yn it prachtige Dronryp, dêr’t ik noch altyd mei in soad nocht wenje mei myn man en ús twa soannen.
It Frysk is de taal fan myn hert, dat ik haw altyd fan doel west en bring myn memmetaal oer op de bern. Dat is slagge, gelokkich. Foar alle talen jildt lykwols: hoe mear sichtber, hoe mear brûkt. It is dêrom teffens wichtich om it Frysk as skriuwtaal libben te hâlden en ek dêr draach ik graach myn stientsje oan by!
Myn krêft leit yn de kombinaasje fan *taalkennis en -feardigens*, in skerp each en niget, oftewol: nijsgjirrigens, ferwûndering, oandacht, belangstelling, nocht, wille.
Dy krêft set ik graach yn om allerhanne Fryske skriuwsels én harren skriuwers sa goed mooglik út de inket komme te litten.
Tenei ek mei Niget skriuwe?
Nim gerêst kontakt op. Ik hear en lês it graach!
* Fan 2014 ôf haw ik ferskate (skriuw)kursussen folge by de Afûk en al gau die bliken dat it Frysk my goed leit. Net dat ik no sa’n flotte of linige pinne ha. Nee, it skriuwen sels lit ik graach oer oan dyjingen dy’t dêr it talint foar krigen hawwe. Ik bin mear fan de taalfeardigens, foar de puntsjes op de i's.
Al meardere kearen haw ik my kwalifisearre foar it Grut Frysk Diktee. Yn 2024 wûn ik it krekt net, mar mocht ik my wol de bêste fan de rest neame.
Datselde jier bin ik fia de Afûk by NHL Stenden start mei de oplieding ta taaldosint Frysk, sa’t ik mei de tiid sels ek Afûk-kursussen jaan kin. *
Beskermje it Frysk ear it net mear is as in sprektaal
NRC, 19 jannewaris 2024
De taal van het hart heeft menig dialect.
Nicolaas Beets, Nederlânske letterkundige (1814 - 1903)