Foar jo én it Frysk
Foar jo én it Frysk
Partikulieren, bedriuwen en oerheid kinne by Niget terjochte mei allerhanne teksten, lykas:
bertekaartsjes
manuskripten
sollisitaasjebrieven
wurkstikken
roukaarten
menukaarten
reklameteksten
lêzingen
mailings oan klanten
websiden
nijsbrieven
notulen
sjoernalistike artikels
brosjueres
liturgyen
ensfh...
Korreksje
In taal- of tikflater is gau makke, hielendal yn in earste rûge opset. De skriuwer sels is dêr ornaris blyn foar, dy wit ommers wat der heart te stean. Mar flaters, hoe lyts ek, liede de lêzer ôf en dogge faak ôfbrek oan it doel of boadskip fan de tekst.
Redaksje
Wa is de skriuwer? Wat en wa moatte mei de tekst berikt wurde? Hoe moat de tekst opboud wurde? Hokker skriuwstyl en toan binne gaadlik?
De antwurden binne as puzelstikjes; se moatte goed op inoar oanslute.
Oersetting
Skriuwe jo sels leaver yn it Nederlânsk? Gjin probleem!
Jo leverje de ynhâld oan en Niget soarget foar de redaksje en/of oersetting nei it Frysk.
Skriuw dy Fryske tekst mei Niget!
In lêste kontrôle fan in roukaart, de redaksje fan in nijsbrief of in oersetting,
alle oan my tabetroude teksten lês en kontrolearje ik mear as ien kear.
Sa komme ek ynhâldlike ynkonsistinsjes noch wolris foar it ljocht.
Benijd nei de mooglikheden? Nim gerêst kontakt op.
Language exerts hidden power, like the moon on the tides.
Rita Mae Brown, Amerikaanske skriuwster (1944 - )