Finnesburch

In fragmint fan in Aldingelsk epos dat yn Fryslân spylje soe.
Skiednis fan dizze side:
1984 Kladverzje fan in oersetting yn it Fryske troch Harm Westra
1987 Kladverzje fan eigen Fryske oersetting
1988 Myn earste Aldingelske tekstútjefte mei Locoscript en in Schneider 128
1989 Myn eigen oersetting/omsetting nei in stripferhaal(Ingelstalich)
2003 Bywurke tekstútjefte
2003 Fryske oersetting en ynlieding publisearre yn FARSK
2009 Ynlieding bywurke, lytse korreksjes yn 'e oersetting.

In radikaal ferskil tusken myn opfettings doe en no is dat ik net mear leau yn de datearring fan AD 700.  De redaksje fan Beowulf is no wolhast definityf steld op it jier 1000 of jusjes letter. Hjirtroch wurdt in datearring fan it fragmint ek steld op de 10e ieuw, en dat past wer by it fers Widsith, ek út de 10e ieu. Hjiryn wurdt Kening Finn ek neamd:
 

Fin Folcwalding [weold] Fresna cynne

Fin, soan fan Folcwald [hie it regear] oer it Friezenskaai

OER IT FINNESBURCH FRAGMINT

In skoft lyn wie it yn it nijs: de teory dat de keningsterp fan Winaam it Finnesburch wêze soe dat yn 'e Aldingelske literatuer foarkomt. Moai fûn as it net wier is - as it ea wier wêze koe. By it tema Winaam soe in ferfrysking van it Finnesburch Fragmint, in Aldingelsk fers, skoan passe.

It Finnesburch Fragmint is part fan in fers yn stêfrym, rûchwei út it jier 900-1000. It fragmint beskriuwt in gefjucht dat heel koart oantsjut wurdt yn 'e Finnesburch Episoade út Beowulf. Dêryn wurde wer Friezen neamd. Der is lykswol gjin reden om oan te nimmen dat it bûten it 'Ingelân' fan dy tiid ûntstien is.

Tolkien hat it al sein: poëzij is wat oars as in skiednisboarne. Mar literatuer trunet wol oan ta ynterpretaasjes. Men sjocht licht paralellen mei hjoeddedei. It opklopte skeel, wrake om wrake, de net al te betûfte, ûnwissige nije lieder. Der is neat nijs under de sinne.

Oer de tekst

In folslein alliterearjende oersetting siet der net yn. It poëtyske aspekt haw ik wol sa folle mooglik omtinken jûn. Myn tafoegingen binne kursyf werjûn. Guon wurden soe men oars oersette kinne. Douwe Kalma hie bygelyks 'kriichsjonge kening', as it my goed heucht. 'Secgan' haw ik oerset mei 'swurd-mannen', mar dat kin ek de namme fan in stam wêze. Sa is der wol mear. Men kin oeren hottefylje oer de kar tusken burch en boarch.

Wat ik fan belang fyn is de iroany. It betiden wrange gefoel foar understatement dat ik foar ien fan 'e wichtichste skaaimerken fan it Frysk hâld.

Konklúzjes út de Episoade kin men net samar tapasse op it Fragmint. We witte net oft der ea ien konsistint ferhaal west hat. Dat is ek net sa by de Edda-ferhalen of by de Arthur-literatuer.

Ik haw it gefoel dat Episoade en Fragmint net lyk oprinne, mar ik haw dochs in minimum oan kontekst brûkt:

Yn 'e Finnesburch Episoade wurde Finn en syn mannen de reuzen of Jutten[eotenas] neamd.
Guthlaf (de heit) en Garulf (de soan) fjochtsje blykber tsjininoar. Dit is in klassyk téma út de epyk.
'Ierdbewenners' -út it Fragmint- betsjut faaks gewoan 'manlju'. (Yn tsjinstelling ta reuzen?)
De beskermer fan it folk is Finn en de ferwûne helt is de soan fan Finn en Hildeburg.

Finnesburch is Winaam?

Fryslân wurdt net neamd yn it Fragmint - wol yn 'e Episoade. Mar dêr is ek sprake fan reuzen (neffens Krol & Van der Zee). Finn soe in mytyske kening wêze. De link tusken Fryslân en Finn hat faaks inkeld de alliteraasje west. It measte witte wy noch altiten net.

Hast alles wat wy witte oer it Finnesburch Fragmint is rekonstruksje. It iennichste manuskript is weirekke by in brân. De transkripsje is net al te bêst. We witte net wat yn 'e weifallene stikken stie. Guon wolle ha dat it Hnaef is dy't sprekt yn it begjin en net Hengest. Oaren binne wer fan betinken dat dit fragmint oer de niisneamde histoaryske Hengest, lieder fan de Angelsaksen giet.

Fryslân wurdt mei namme neamd yn 'e Episoade, dat wie benammen nijsgjirrich foar de Fryske beweging. Douwe Kalma hat dan ek yn 1937 it Fragmint en de Episoade oerset. It joech de Fryske Saak fansels rjuchtfeardiging en Fryslân ekstra skiednis. Mar it hjoeddeiske Fryske kustgebiet wie, neffens modern argeologysk ûndersyk, ûntfolke yn 'e tiid fan de histoaryske Hengest (en Horsa), sa't wy dy út 'e Anglo-Saxon Chronicle kenne. Fryslân is hjir heechút in namme.

Literatuer

Beowulf, in proaza-oersetting út it Aldingelsk. Jelle Krol en Popke van der Zee. Boalsert 1984. In treflike oersetting, mei in taljochting oer 'de Friezen yn Beowulf'. Spitigernôch ha se it Finnesburch Fragmint net oerset.

Fryske keaplju en seefarders diel II: It corpus. Stéphane Lebecq (oers. K. Bruinsma). Ljouwert 1984. Hjiryn ek oandacht foar de Friezen út de Finn-episoade.

Kening Finn. Douwe Kalma. Snits 1937.

http://www.heorot.dk/finnsburh-i.html

Ut de Finnesburch Episoade

[...]
Nee hear, Hildeburg hoegde wis net te bearen
fan de trou fan 'e reuzen.
Sûnder skuld ferlear se by it skyld-fetsjen
har bern en har broer;
it moast sa wêze dat se weifoelen, ferwûne
troch de spear - dat wie it fertriet fan 'e frou.
[...]

It Finnesburch Fragmint

[de boarch syn her]nen baarne nea!
Doe spruts de kening, nij yn 'e striid:

[Hengest (binnen):]
'Dit is net de dage yn it easten,
ek net de draak dy't hjirhinne fljucht,
ek net fan dizze seal de gevels dy't baarne.

Mar se komme op ús ôf, de fûgels sjonge it
de griishûd gûlt, it striidhout droant,
it skyld andert de spear. No skynt dizze moanne
wif ûnder de wolken troch. No komme der wee-dieden
út 'e niid wei fan dit folk.

Mar ûntweitsje no, myn mannen
krij jim skylden, tink om eare, rom
tsjoch op en wêz ien fan moed!'

[De sjonger:]
Doe stie mannich mei goud omhongen strider op, en die it swurd om.
Doe setten se op 'e doar ta, de nommele striders,
Sigeferth en Eaha, meiwilens krigen se it swurd op;
Ordlaf en Guthlaf setten op 'e oare doar ta
en Hengest sels - folge harren op 'e hakken.

[Underwilens (bûten)]:
Mar Guthere trune Garulf nochris oan,
hy moast net samar yn drystens nei it foarste treffen
by de doar fan 'e seal - en sûnder pânser - syn libben weagje
No't de man - behurdde yn 'e kriich- it nimme woe
Mar hy, de oermoedige helt, frege - oer alle geraas hinne - wa't de doar noch hâlde.

[Sigeferth (binnen):]
'Sigeferth is myn namme! Ik bin de lieder fan 'e swurd-mannen
Wiid en swiid ferneamd as krychsman. Ik haw al wat meimakke,
in protte swiere gefjuchten. Mar watsto foar my ornearre hiest
dat stiet dysels hjirre te wachtsjen!'

[De Sjonger:]
Doe wie der it leven fan 'e houwerij yn 'e seal.
It holle skyld hie him mar kloek yn 'e hân te hâlden.
Bonke-helmen barsten der oer, de festingflier droande derfan,
oant Garulf foel yn it gefjucht, foarste fan alle ierdbewenners.
En hy wie de soan fan Guthlaf… en mei him gongen in knoarre goeien:
in deawite mannichte. De raaf gong rûn,
tsjuster en tsjoed. It wie in swurdljochtsjen
as wie de hele Finnesburch oeral fjoer.
Nea haw ik it sa heard, fan 60 striders dy't har better hâlden yn 'e slach,
de heldere meadrank better werombetellen
as Hnæf syn feinten - sa't dy him wreekten.
Hja fochten fiif dagen en gjint harres joech belies,
fan 'e striidmaten. Mar se hoden de doarren.

[Bûten]
Doe - de ferwûne helt soe der by wei -
hy sei noch, syn pânser wie tebrutsen,
net sa'n brûkber striidark mear, de helm wie ek al troch.
Al rillegau frege de beskermer fan it folk him
hoe goed at de fjuchters harren ferwûningen te boppen kamen
of wa fan de jongkeardels wie it dy't …..[him delslein hie]

Hjir brekt it fragmint ôf

Grins 1988 - Súdhorn 2003

Subpagina''s (1): testpdf
Comments