In het nieuws‎ > ‎

Website: Meispylje yn in misdiedroman

Geplaatst 28 mei 2010 13:01 door Marc Jacobs

WOANSDEI 26 MAAIE

boekenLJOUWERT – It Ljouwerter skriuwersduo Marc Jacobs en Marike Vreeker is dwaande mei syn fjirde boek:  Het Bulgaarse meisje.Lykas de foarige boeken is it in misdiedroman dy’t foar in part yn Ljouwert spilet. Yn it boek komme in soad personaazjes foar.

As it minsken aardich liket dat ien fan dy personaazjes harren namme draacht, dan kinne se har oppenearje by de skriuwers. Past de namme fan de nigethawwer by it personaazje, dan nimme se him yn it boek oer. Is der foar de namme fan in personaazje belangstelling fan mear as ien persoan, dan kieze de skriuwers de passendste namme út.

Doel is dat de nije roman yn desimber útkomt by de Friese Pers Boekerij.

Klik hjir foar in list fan de personaazjes yn Het Bulgaarse meisje.

Comments