Gerben van der Veen oer syn bliuwende leafde

Yn triennen boppe de boerekoal

Syn earste Matthäus Passion hat er meimakke doe’t er in jier of acht wie. Grutbrocht yn in muzikale húshâlding wie it tradysje om elk jier nei de útfiering yn Boalsert en letter op It Hearrenfean te gean. Syn heit en mem songen by it koar Eendracht yn Abbegea en kamen dêr ein jierren tritich mei-inoar yn ’e kunde. Yn 1942 waard yn datselde Abbegea, mei minimale middels – it wie midden yn ’e oarloch – in útfiering jûn fan Bach syn Matthäus. Dy makke in ûnferjitlike yndruk en dûkte hieltyd wer op yn famyljeferhalen. It monumintale masterwurk van Johann Sebastian Bach rint sadwaande as in reade tried troch it libben fan artistyk lieder en dirigint fan Collegium Vocale Fryslân, Gerben van der Veen út Haskerdiken. Wy litte him sels oan it wurd.

By ús thús waard altyd muzyk makke. Heit wie de iennige fan de bern dy’t nei de MULO mocht. Dêrnei hat er it Staatsexamen harmonium dien en slagge mei allegear njoggens. Wy ha allegear les fan him hân. Ik bin, krekt as myn broer Sjoerd, trochgien yn de muzyk. Sjoerd is muzykdosint en koardirigint wurden, iksels bin ôfstudearre op oargel en koardireksje.
   De Matthäus siet djip by ús heit en mem. Fan dy earste kear dat ik der as jonkje hinne gie, kin ik my net heuge dat ik it in lange sit fûn. Ik wit wol dat ik each hie foar myn omke, de broer fan ús mem, dy’t derfoar stie as dirigint. Ik hie mar ien gedachte: dat wol ik ek. It koar, dy solisten, it makke allegear djippe yndruk op my. 
   It wie nea in diskusjepunt. Alle jierren gie de hiele húshâlding nei de Matthäus. Doe’t ik in jier as alve wie, koe ik op in kear net mei yn ’e auto: der wie in plak te min. Wy wennen doe yn Snits. Op ’e fyts dan mar. Der waard net iens oer praat – ik gie hinne, wat oars. En ik ha it nea as in ferplichting field. As we wer thús wiene, waard der ek altyd oer neipraat. Hoe’t de solisten songen hiene en hokker koraal no it moaiste wie. Us mem koe trouwens alle koralen út ’e holle. Dat wie foar ús as bern de gewoanste saak fan de wrâld. Dêrom hat de Matthäus foar ús ek nea ûntagonklik west. 
   Yn myn oplieding as koardirigint krige ik fansels, as fêst ûnderdiel fan it stúdzjeprogramma, opnij mei de Matthäus te krijen. It stik stiet foar my noch altyd op iensume hichte. Meastentiids befetsje komposysjes fan de trije eleminten: gelaagdheid, architektuer en emoasje, mar ien of twa. Yn de Matthäus binne alle trije komponinten yn optima forma oanwêzich, alles kloppet. As je it stik foar de earste kear hearre is it al prachtich, mar as je der fierder yn dûke dan komme jo yn in mikro-wrâld telâne. It is in wûnder hoe’t Bach dat klear krigen hat. 
   As dirigint binne je der nea op útstudearre. Alle kearen wer freegje ik my ôf: wêrom hat Bach dit dien? Wêrom hat er krekt dy kar makke? Yn hokker ljocht moat ik dit sjen? Wat bedoelt Bach hjir mei? Soms krigest in antwurd, faak ek net. It bliuwt in ivige syktocht. Altyd binne der wer nije dingen dy’t my opfalle, dingen dy’t ik noch nea earder sjoen ha. En dat wylst ik it stik al sa faak ûnder eagen hân ha. In inkelde kear tink ik: sa hat Bach it grif bedoeld. Dat is dan myn eigen geheimke mei Bach.

Yn 2009 ha ik de Fryske Matteuspassy, dy’t no nei tsien jier wer op it programma stiet, al in kear útfierd. Ek dizze kear set ik wer hielendal opnij útein. Dat begjint mei prakkesearje oer hoe’t ik it oanpakke sil. Moat ik it oars dwaan of krekt net? Dat is altyd in wrakseling. Yn 2009 wie it ien grutte ûntdekkingstocht, in ymmins en machtich aventoer. En dan de reaksjes fan it publyk. De útfiering kaam djip binnen omdat de ynhâld sa eigentiidsk is en wurden skerper oanset binne. In koraal yn direkte, hjoeddeiske taal – fassinearjend. It Frysk docht op gjin inkelde wize ûnrjocht oan de tekst, it wurket earder fersterkjend omdat de taal sa klankryk is. Dat it foar de measte koarleden harren memmetaal is, hat in geunstige ynfloed op de ekspresje. Ien ding ha ik my foarnommen: ik sil noch mear oan de klank wurkje. 
   De útfiering hat doedestiids nochal wat reuring jûn. Der wiene kollega’s dy’t ús ôfbrânden, mar no wurdt der amper mear oer praat. Ik moat sizze dat ik de Nederlânske ferzy wat fletser fyn, mar dy taal stiet fierder fan my ôf. Oersetter Eppie Dam hat it sa moai dien, dat doe’t ik syn tekst foar it earst ûnder eagen krige en allinnich mar trochlies, ik dalik oandien wie. Myn frou en ik sieten te iten, ik wit it noch krekt. Ik ha Eppie fuortendaliks in mail stjoerd om him te fertellen dat ik sa ûnder de yndruk wie fan syn oersetting, dat ik yn triennen boppe de boerekoal siet. 

Hoe sil de Fryske Matteus yn Ostfriesland ûntfongen wurde? Dêr bin ik hiel benijd nei. Doe’t ik de lêste kear yn Strücklingen wie, fernuvere it my dat ik in grut part fan it Seeltersk, de lokale fariant fan it Frysk dat dêr sprutsen wurdt, noch aardich ferstean koe. Hoe grut soe de belangstelling foar de Matthäus dêr oer it algemien wêze? Sa absurd heech as by ús, dat kin fansels net. Yn Dútslân is it Weinachtsoratorium wat de Matthäus foar ús is. 
   Lykas sein, ik sil by it repetearjen de klam op de klank lizze, mear noch as de foarige kear, om it Frysk-eigene syn gerak te jaan. Wurden as mei en wei wurde ek wol útsprutsen as mai en wai. Dêr moat ik in kar yn meitsje. By twivel kin ik in berop dwaan op Eppie. Hy jout feedback en is ek by de repetysjes. Wat de útfiering yn elts gefal dúdlik makket, is dat it Frysk in machtige taal is dy’t him goed lient foar sa’n monumintaal stik. De kritisi fan doe fûnen dat je net oan de Matthäus komme; yn Bach syn styl krijt elk wurd ommers noaten dy’t de betsjutting fan dat wurd ferbyldzje. It kloppet dat dat aspekt bytiden oars ynfolle wurdt, gewoan omdat de tekst feroaret. Bach moatte je Bach litte, dat bin ik ek fan betinken, mar ik fyn dat it hjir wûnderbaarlik goed kin. Eppie is firtuoas en ynteger omgien mei de tekst, sadat it grutste part rjochtoerein bliuwt en sels hjir en dêr noch better past.
   Bach is foar my de aldergrutste komponist en sil dat ek bliuwe. Ik wit noch dat ik as jonge jonge út ’e skroeven wie doe’t ik foar it earst in stikje fan Bach spylje koe. Ik wie hielendal sljocht, woe it wol tûzen kear spylje, einleas, sûnder ophâlden. Ik fûn de muzyk sa moai dat ik der gjin genôch fan krije koe. En dat is noch altyd sa. Bach is in bliuwende leafde.

  Gerben van der Veen
  Haskerdiken, jannewaris 2018
Comments