Eppie Dam oer wat him besiele

Taal heart thús yn it hert fan minsken

Hy reizge persoanlik ôf nei Den Haach om derby te wêzen doe’t dêr in Mattheuspassie útfierd waard yn ús earste lânstaal. Boppedat in Mattheus út leafde snoeihurd fertaald nei ús eigen tiid, krekt sa ûngenedich. Emosjoneel tichter by de twadde lânstaal gie er werom mei mar ien gedachte: dit wol ik yn it Frysk. Eppie Dam, doe al auteur fan ferskate liturgyen en kantates, soe gjin rêst wer ha foardat der in Matteuspassy lei, sûnder h en mei i-grek. Ein 2008 krijt alles syn beslach en stiet de titel tepronk yn de útstalkast fan útjouwerij Intrada op It Hearrenfean. Dat sa’n oersetting net om ’e nocht is, docht bliken út it artikel dat Dam skreau foar de brûkers fan it koarboek. It folget hjir yntegraal.

Begjin jierren tachtich wie ik al fan doel om de Matthäus Passion út it Dúts wei oer te setten yn it Frysk. It bliuwt by in oanset. Hoewol’t ik mei de Skrift grutbrocht bin en elke Peaske yn it ferhaal fan Jezus kopke-ûnder gean, is de Dútse tekst my te swier en stiet er bytiden fier fan my ôf. Boppedat ha ik as begjinnend Frysk skriuwer noch net de taalmacht om sa’n hels kerwei ta in goed ein te bringen.
  Yn ’e desennia dêrnei, as ik wûn ha oan technyk en idioom, komt it idee fan in Fryske Matthäus noch in pear kear werom. It sil ’m net wurde. It eardere beswier fan de massive en hermetise tekst – rjochte op de kristlike incrowd – spilet yntusken namste mear trochdat ik yn eigen liturgys wurk hieltyd mear de kant útgean fan in iepen teology.
  Ein 2007 kom ik yn ’e kunde mei de nijste Nederlânse ferzy fan de Matthäus, de dan al ferneamde hertaling fan Jan Rot, útjûn yn 2006. Ik belústerje de cd en reitsje ûnder de yndruk fan it eigentiidse karakter fan syn bewurking. Ek sprekt it natuerlike en direkte taalgebrûk my och sa oan. Jan Rot hat it fossyl fan de âlde Matthäus nij libben ynblaasd (sels neamt er it ‘het renoveren van de kathedraal’) en op dat stuit wit ik dat ik myn âlde dream fan in Fryske Matteus diskear wiermeitsje sil.
  Begjin febrewaris 2008 – neidat ik stikem al in pear fragminten oerset ha – mail ik Rot om te fernimmen hoe’t hy tsjin in ferfrysking fan syn Mattheus oansjocht. Hy stiet der yn prinsipe posityf foaroer, ‘maar die tekst moet dan wel net zo goed zijn en naadloos passen op de muziek als de mijne, dus weet waar je aan begint’. Ik hie it witte kind: Jan Rot stelt hege easken oan himsels, en sa’nien freget ek it uterste fan in oar. Winlik freget Rot noch mear: ‘Als ik niet onder de indruk ben, gaat het feest niet door. Lees in ieder geval mijn Dagboek Mattheüs over de worsteling met de vertaling.’
  It feest sil trochgean, dêr hoecht er net oer yn te sitten. Der hat net in momint west dat ik it oersetten fan syn Mattheus ûnderskat ha. Ik ha yntusken syn deiboek lêzen – in wiidweidich, learsum en humoristys ferslach fan it skeppingsproses – en sa wit ik wat my te wachtsjen stiet. En noch falt it oersetten my geweldich ôf. Der binne passaazjes dy’t sjen litte hoe nei Nederlâns en Frysk oaninoar besibbe binne, der binne likefolle (en sa’t it liket: mear) dy’t oantoane hoefier beide talen útinoar lizze. Bytiden mien ik dat ik in hiel ein op streek bin, mar hieltyd docht bliken dat it hjir en dêr krekt net goed is. En ‘krekt net goed’ is neat better as ‘min’.
  Nei in moanne skreppen ha ik it idee dat myn Fryske oersetting op tachtich persint sit fan wat er wurde kin. Begjin maart mail ik myn earste ferzy nei Jan Rot. Ik krij antwurd op myn jierdei. ‘Net een eerste stukje vluchtig zitten kijken, en dat ziet er veelbelovend uit, mijn complimenten.’ Moai presintsje. In wike letter, neidat er him yn ’e tekst ferdjippe hat, stjoert Rot my in offisjeel bewiis fan tastimming foar útjefte fan de Matteuspassy, sûnder h en mei i-grek.
  Yntusken ha ik myn ljocht opstutsen by minsken dy’t my paadwiis meitsje moatte by alle dingen dêr’t ik mei de útjefte en útfiering fan de Fryske Matteüs tsjinoan rinne sil. Mar inkeld paadwiis is net genôch. Der moat in útjouwer komme dy’t it aventoer oandoart, en in betûft – Frysktalich – dirigint dy’t him besûndigje wol oan it ynstitút ‘Matthaüs’ yn de eigen memmetaal. Beide ha ik gau fûn. Utjouwer Jan de Jong fan Intrada Muziekuitgave seit net op foarhân nee. Hy advisearret my om kontakt op te nimmen mei Gerben van der Veen, ûnder mear dirigint fan Capella ’92.
  As ik Gerben nachts fia de mail hifkje, ha ik de oare deis al berjocht werom: ‘Wat in prachtich ambisjeus plan! Ik tink dat it Frysk úteinlik better by Bach past as it Nederlânsk. Ik bin yn elts gefal tige nijsgjirrich.’
  In moanne letter lit ik Gerben in pear passaazjes lêze. Hy is út ’e skroeven oer it effekt fan it Frysk en heart guon dingen al sjongen yn in folle tsjerke. Koart dêrnei stjoer ik him de komplete earste ferzy, sa’t Jan Rot dy earder krigen hat. Gerben wit net hoe hurd er werommaile moat. ’Blikstiender, dit komt nei oan! Frjemd, ik ha it wurk no al sa faak útfierd, mar ik merk no al dat mei dizze Fryske wurden it ferhaal noch mear begjint te libjen. Wy moatte it der ynkoarten mar ris oer ha.’
  Dat dogge we op freed 14 maart yn muzyksintrum De Rinkelbom op It Hearrenfean. Ik sjoch oan Gerben dat er der hielendal fol fan is. Op dat stuit wit ik, hjir is allinnich noch in paad foarút. Gerben hat al ideeën oer orkest en koarbesetting – ‘It moat kompleet, dus mei it jongeskoar derby!’ – en tegearre nimme we nammen fan mooglike solisten troch. Wat in foarrjocht om mei immen om ’e tafel te sitten dy’t myn passy foar in Fryske Matteus dielt. Oarsom sjoch ik him itselde tinken.    
        
‘Ik begin het met die stevige Friese bries in mijn mailbox al aardig te leren,’ mailt Jan Rot op 11 maart, dêrmei doelend op de taal fan de oersetting. In dei letter skriuwt er: ‘Ik heb je tekst even aan mijn Friese stiefmoedertje laten lezen.’ Taheakke in mail fan tante Anneke, A.T. Rot-Van der Gaast.
  ‘Lieve Jan, wat geweldig dat je de Fryske Matteus opstuurde. Ik heb hem helemaal gelezen. Het komt heel direct binnen. Vele woorden zijn heel erg vertrouwd. Toch is de inslag van deze Fryske versie conservatiever dan de jouwe.’
  Hoewol’t ik der net allergys foar bin, yntrigearret my it wurd conservatiever yn styfmem har berjocht. Ik ken tante Anneke net, mar se moat in natuerlik gefoel foar taalsfear ha. Dat myn oersetting konservativer oandocht as Jan syn grûntekst wol my dalik oan. It hat foaral te krijen mei de kleau tusken skreaun en sprutsen Frysk. Elke Fryske skriuwer en oersetter rint dêr tsjinoan, al miene guon fan net, en dogge oaren krekt as is der neat te rêden. Fan it momint ôf dat ik de taal fan Rot syn Mattheus op my ynwurkje liet, ha ik leaud dat ik my oppenearje mocht foar in eventuele Fryske edysje. Op oare potinsjele oersetters mei in kristlike achtergrûn en leafde foar Bach syn magnum opus ha ik fóar (al sille oaren sizze: tsjin) dat ik frijmoedich omgean mei it Frysk. 
  Der is neat heldhaftichs oan, en eins soe it hiel gewoan wêze moatte, mar ik bin net fan doel om de Fryske Matteus te belestigjen mei dy knoffel-k yn wurden as ‘himelske’, ‘falske’ en ‘Romeinske’. Fierder sil Gods timpel net ‘regearre’ mar ‘regeard’ wurde troch dieven, en litte se Jezus oan it krús ‘krepeare’ yn stee fan ‘krepearje’. By ‘prysterklyk’ en ‘nepmessias’ hoech ik net yn bochten om geef Frysk te finen, want dizze Rot-wurden fege deryn en wol ik sa hâlde.
  Wêr’t ik ek net folle lest fan ha is konsekwint wêze. As it it heal kin brûk ik yn myn tekst it wurd ‘geloof’, mar dêrmei is ‘leauwe’ net ta weismiten keard. Ik skriuw yn de Fryske Matteus ‘sêft’, ‘krêft’ en ‘efter’. Dêrneffens soe it yn ’e reden lizze om ek te kiezen foar de útgong ‘-eftich’ yn bygelyks ‘bisteftich’. Dochs lit ik Maria tsjin de beulen fan Jezus sizze: ‘Hat macht jim sa beestachtich beet!?’ Lústerje nei de kontekst is foarnamer as konsekwint wêze nei de letter. Wat ik sizze wol: de Fryske Matteus hie noch konservativer kind.
  Rot syn Mattheus is fassinearjend nei syn taalgebrûk. Hy bedjippet wurden út domeinen dy’t inoars utersten binne: fan argays oant modern, fan sakraal oant sekulier. Like maklik as wenen en prediken klinke tiidwurden as claimen en tackelen. Yn ’e passysfear passe offerschaal, zielenstrijd en stervensleed; alhiel dêrbûten falle klapzoen, lolletje en tikkie met verlossers. Dochs dogge de wurden elkoar gjin ûnderstek. Sterker, se ferbine har en falle suver achteleas teplak yn it ferhaal.
  Sûnder braafheid en sûnder bravoer siket Jan Rot sawol yn syn teology as yn syn taal de grinzen op. Dat jout syn Mattheus in geweldige romte. Trochdat Rot de folle breedten fan de taal bestrykt, kin ik my oan ’e iene kant lytse sûnden tsjin it Frysk permittearje, en hoech ik oan ’e oare kant net te besunigjen op wurden dy’t al lang net mear by Omrop Fryslân te hearren binne: beskrobje, krewearje, bedije, abbelearje, belabje, systerje, omfiemje, beskaadzje. De striders foar geef Frysk sille har hert noch ophelje, want ek foar ‘tsjêf’, ‘knyft’ en ‘njirrebrod’ draai ik myn hân net om.
  It is hast in klisjee: de eigen taal bringt in ferheljend keunstwurk – yn dit gefal inte op en ynbêde yn it lijensferhaal – tichterby. Better sein, de eigen taal bringt it ferhaal dêr’t it wêze moat: yn it hert fan de minsken. De oersetting fan Jan Rot toant oan dat memmetaal, mits goed brûkt, sels in monumintaal wurk as de Matthäus Passion noch ferrykje en ferdjipje kin. Oarsom jildt itselde: mei syn bewurking hat Rot de Nederlânse taal opwurdearre en nije glâns jûn.
  De Matthäus Passion is in ynstitút. Dat wie er al lang yn it Dúts, en dat sil net feroarje. It mei noch in pear jier duorje, mar úteinlik wurdt er dat no ek yn it Nederlâns. En wa wit yn it Frysk. Mei myn oersetting hoopje ik yn elk gefal sjen te litten dat gjin taal te lyts is, of te min, om it heechste kulturele erfguod drage te kinnen. Elke memmetaal jout dêr – tanksij de autentike, emosjonele lading – in ekstra diminsje oan sa’t gjin frjemde taal dat kin. De Fryske Matteus is kleare passy.

  Eppie Dam
  Balk, novimber 2008